Feanwâlden yn protest tsjin oaljekoekebeslút troch sels in ferkeapplak te regeljen

In oaljekoekekream
In oaljekoekekream © ANP
Ynwenners fan Feanwâlden hawwe op eigen inisjatyf plak socht foar de fêste oaljekoekeferkeapers fan it doarp. Om't der op âldjierssnein net ferkocht wurde mei yn Dantumadiel, is der in lokaasje fûn yn Quatrebras.
It is in lyts protest, út solidêrens mei de oaljekoekeferkeapers. De kream komt op 31 desimber by in autohannel oan de Woudweg yn Quatrebras te stean. Dat leit krekt oer de grins yn de gemeente Tytsjerksteradiel, want dêr mei de ferkeap wol trochgean.
Bakkers klear? Bakke mar
Bakkers klear? Bakke mar © ANP
"It is noch net iens in kilometer fan Feanwâlden ôf", fertelt Douwe Kootstra. Hy hat it plan tegearre mei Oege Hiddema betocht.
"It basisprinsipe wie ûngerêstens en wat lilkens dat it anno 2023 yn in moderne gemeente as Dantumadiel net mooglik is om op snein oaljekoeken te ferkeapjen."

"In statement"

Dat wylst oare hoareka yn Feanwâlden wol iepen is. "Dêrom hawwe wy besletten in statement te meitsjen mei in ludike aksje deromhinne. Want it is wol de wichtichste ferkeapdei fan de famylje Kooistra, de fjirde generaasje oaljekoekeferkeapers."
It wurdt al 'oaljekoekegate' neamd: âldjiersdei falt dit jier op in snein en neffens de regels yn Dantumadiel meie winkels fanwegen de sneinsrêst net iepen. Dat is ôfpraat yn it koälysje-akkoart tusken de ChristenUnie, Sociaal Links, SGP en Gemeentebelangen Dantumadiel. It gemeentebestjoer wol ek gjin ûntheffing jaan op 31 desimber.
It gehiel wurdt opfleure mei muzyk fan Theun Zuiderveld, dy't syn selsboude draaioargel 'De drie appelflappen' meinimt.
Kootstra hat op de fyts by de gemeentegrins del west om in geskikte lokaasje te finen. Sa kaam er úteinlik by Quatrebras út. "In moai terrein. Der hingje no flaggen en in spandoek, it wie samar regele. Wy krije in soad byfal út it doarp."
De famylje Kooistra ferkeapet tradisjoneel de oaljekoeken op de Koemarkt yn Feanwâlden
De famylje Kooistra ferkeapet tradisjoneel de oaljekoeken op de Koemarkt yn Feanwâlden © Douwe Kootstra
De famylje Kooistra hat de offisjele fergunning yntusken binnen. Sy binne net de iennige ferkeapers yn Dantumadiel dy't in plak bûten de gemeente sykje. Sa joech Gerard Mollema earder al oan nei Kollum te ferhúzjen, om't hy yn De Westereen gjin oaljekoeken ferkeapje mei.