Metalband Stoflik Omskot donderet mei in knypeach troch yn Fryske top 100

Metalband Stoflik Omskot
Metalband Stoflik Omskot © Sietse Visser
Snoeihurde muzyk yn de Fryske top 100, dat komt net sa faak foar. It is dêrom noch opfallender dat metalband Stoflik Omskot de grutste klimmer fan dit jier is.
Harren nûmer 'BBQ mei de buorfrou' stiet op 31, leafst 43 plakken heger as ferline jier. It is in hiele ferrassing foar de band dat se sa'n reuzesprong makke ha. "We hiene it net ferwachte", fertelt sjonger Peter Weijer. "Wy meitsje metal, mar we tochten: we dogge in goai en dan sjogge we it wol."
Net allinnich fanwege de muzykstyl en de bandnamme is it in opfallende ferskining yn de list, ek it ûnderwerp fan it ferske is bysûnder. En lykas de muzyk leit ek de tekst wat swierder op 'e mage as de measte nûmers yn de top 100.
Metalband Stoflik Omskot
Stoflik Omskot by in optreden yn Neushoorn yn Ljouwert © Erwin Jonkman
Op fette gitaarriffs fan Gurbe van der Wal besjongt Weijer mei grommeljende fokalen hoe't de buorfrou dy't krekt ferstoarn is, bakt wurdt op de barbecue. De stampende bas en drums fan respektyflik Roland Lukkes en Arnold van der Zee meitsje it menu kompleet.
Al mei al klinkt it net as in hiel gesellige buertbarbecue, "mar it is wol mei in knypeach, hear", fersekeret Weijer. "It is net serieus bedoeld."
De Fryske top 100 is op âldjiersdei fan 07.00 oant en mei 18.00 oere te hearren by Omrop Fryslân.
De band hat it nûmer dit jier wat fanatiker ûnder de oandacht brocht as by de foarige edysje fan de Fryske top 100. En dat hat fertuten dien.
"We ha kampanje fierd fia Facebook en safolle mooglik spamd", leit Weijer út. "We ha ek in lotterij foar wa't stimd hat. De winner sille we nei alle gedachten bekend meitsje as de top 100 útstjoerd wurdt. Reedlik wat minsken kenne ús ek, dus dêrom binne we no heger einige, tink ik."
Stoflik Omskot spile 'BBQ mei de buorfrou' dit jier op it Stonehenge Festival yn Steenwijk:
Stoflik Omskot bestiet noch net salang. "We binne yn 2019 begûn. Gurbe en ik lulden der al jierren oer op feestjes om in band te begjinnen. Al tsien jier, tink ik." De measte bandleden wienen earder al wol aktyf yn de muzykwrâld, mar foar guon wie it mear bierdrinken as spyljen.
Se ha der bewust foar keazen om yn it Frysk te sjongen. "Yn de metalscene sjonge safolle bands yn it Ingelsk. Dus werom net yn ús eigen taal? Wy binne allegear Friezen, dus moai yn ús memmetaal."

Nij wurk

Der wurdt yntusken serieus oan 'e wei timmere. Yn 2022 kaam it debútalbum 'Harksankjes foar de dea' út en der is sicht op nij wurk. "We binne drok oan it skriuwen. We ha no in stik as seis nije nûmers en takom jier dûke we de studio wer yn."