Rykswettersteat makket wurk fan it rêden fan de kwelder by Wierum

Pim de Wit sjocht út oer de kwelder
Pim de Wit sjocht út oer de kwelder © Omrop Fryslân
De kwelder tusken Wierum en Nes wurdt lang om let oanpakt. Dêrmei jout Rykswettersteat antwurd op de noed fan omwenners en natuerleafhawwers. It bûtendyks natuergebiet wurdt hieltyd lytser trochdat it stadichoan ôfbrokkelet.
Trochdat der in hiel skoft gjin ûnderhâld dien is, reitsje de riisdaam en de pier fierder en fierder yn ferfal. Dêrtroch krijt de kwelder net mear de nedige beskerming.
"Hij breekt af. De vloed knabbelt aan de kwelderrand en bij stormen slaan er hele stukken weg", seit Pim de Wit fan de wurkgroep 'Red de kwelder'.

Petysje die fertuten

Harren petysje om oandacht te freegjen foar it behâld fan de kwelder hat sukses, want Ryskwettersteal nimt begjin takom jier aksje.
Wierum zonder de kwelder is een beetje hetzelfde als Wierum zonder de kerk.
Pim de Wit fan wurkgroep 'Red de kwelder'
De wurkgroep is bliid dat de kwelder rêden wurdt. It gebied heart by Wierum, fynt de Wit: "De kwelder is altijd met het dorp verbonden. Wierum zonder de kwelder is een beetje hetzelfde als Wierum zonder de kerk."
Dêrneist is it neffens him in wichtich plak foar ûnder oare fûgels. Dy komme dêr om te rêsten en te brieden. Mei it lytster wurden wurdt dat lykwols hieltyd dreger.
"Er gaat elk jaar een meter af, dus hij wordt eigenlijk te klein voor vogels en om de rest van de natuur in stand te houden. Daarom is het belangrijk dat er nu wat gebeurt."
De kwelder mei de tsjerke fan Wierum
De kwelder mei de tsjerke fan Wierum © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Rykswettersteat ferfangt de âlde, foar in part ôfbrutsen riisdammen foar nije. Dêrtroch wurde weagen brutsen en is de kwelder better beskerme tsjin eroazje. Sa krije de fûgels harren rêst- en briedplak werom.

Net mear wat it wie

Dochs sil de kwelder neffens de Wit net mear wurde wat it wie: "Voor recreatie zal de kwelder helaas te klein blijken. Dat komt dus nooit meer terug en dat is voor het dorp heel jammer."
De kwelder by Wierum wurdt lang om let oanpakt
De wurkgroep hat wol plannen foar in alternatyf, sadat minsken dochs fan it plak genietsje kinne. In pier by it Waad mei in ekologyske ynstek, dêr't minsken oer de natuer leare kinne. "Over wat er in de zee zit, wat er hier vliegt. We werken eraan om dat stukje natuurbeleving toch nog voor elkaar te krijgen."