Fia TikTok stoarmet Steyn Land mei 'Teeny teeny' de Fryske top 100 binnen

Steyn Land
Steyn Land © Omrop Fryslân
Op âldjiersdei is it wer tiid foar de jierlikse Fryske top 100. Opmerklike notearring yn de list fan 2023 is dy fan nijkommer Steyn Land. Ut it neat wei stiet hy op plak 11 mei it nûmer 'Teeny teeny'.
De sjonger is net de heechste nije binnenkommer. Der is noch immen dy't heger stiet, mar dy komt snein yn de útstjoering pas foar it ljocht by it bekend meitsjen fan de top 10.
Land is lykwols hiel tefreden mei syn plakje. "Ja, hûndert prosint", seit de jonge artyst. "Ik hie it sels net ferwachte. Der binne sa safolle Fryske ferskes, 11 is al hiel heech."
Steyn Land
Steyn Land by Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Dat er sa heech yn de top 100 binnenkomt, is neffens Land te tankjen oan sosjale media. "Ik ha sels wat op TikTok set en Omrop Fryslân hat der in filmke op set. Sa is it wat rûngien."
It muzyk meitsjen hat Land net fan in frjemd. Syn heit is sjonger Foppe Land dy't al jierren yn de top 100 werom te finen is mei syn punkband Strawelte. It nûmer 'De mem fan Doutzen' stiet dit kear op plak 19, trije plakjes leger as ferline jier.
De Fryske top 100 is op âldjiersdei fan 07.00 oant en mei 18.00 oere te hearren by Omrop Fryslân.
It ferske 'Teeny teeny' skreau Steyn mei syn heit. "Dy kaam op in middei thús en hy hie it refreintsje al wat betocht. Deselde dei bin ik der mei sitten gong en doe wie it ek al ôf."
Soan en heit ha der yntusken in behoarlike hit mei te pakken. Op YouTube is de fideoklip yn noch gjin fjouwer moannen tiid al mear as 66.000 kear besjoen. Ek sjongt Steyn it nûmer geregeld op festivals. "Elkenien sjongt dan mei, dus ik tink wol dat it in hit is."
De fideoklip fan 'Teeny teeny':
Fan rivaliteit tusken soan en heit is gjin sprake. "Hy is supergrutsk", seit Steyn. In nij ferske leit ek al klear en se ha der opnij beiden oan wurke, fertelt er. "Hy kaam wer thús mei it refrein en dêr ha ik wer de kûpletten op makke. Ja, it is wat. It is eins itselde rideltsje as by 'Teeny teeny'."
It nije nûmer giet oer skroat. "Ik wurkje sels yn it skroat, dus ik ha in ferske makke dêroer."