It belang fan it NK ôfstannen: trije fragen en antwurden

Femke Kok
Femke Kok © ANP
Der binne Nederlânske titels mar foaral ek ynternasjonale startbewizen te fertsjinjen yn Thialf de kommende dagen. It NK ôfstannen is it wichtigste toernoai fan de earste helte fan it reedrydseizoen.
Want as je as reedrider net prestearje de kommende dagen, dan ride je dit seizoen gjin grutte ynternasjonale wedstriden.

1. Wêrfoar kin se harren pleatse dan?

Yn totaal binne der fjouwer grutte ynternasjonale wedstriden de kommende moannen dêr't de reedriders harren op it NK ôfstannen foar pleatse kinne.
Dan hawwe we it oer it EK ôfstannen (5-7 jannewaris), de lêste twa wrâldbekers (26-28 jannewaris en 2-4 febrewaris), it WK ôfstannen (15-18 febrewaris) en it WK allround & sprint (7-10 maart).
It programma fan it NK ôfstannen
  • Tongersdei 28 desimber: 5.000 meter en 500 meter manlju, 1.500 meter froulju
  • Freed 29 desimber: 3.000 meter en 500 meter froulju, 1.500 meter manlju
  • Sneon 30 desimber: 10.000 meter, 1.000 meter en massastart manlju, 5.000 meter, 1.000 meter en massastart froulju

2. Hoe kinne se harren pleatse?

Litte we begjinne mei it EK ôfstannen. Dêr meie tsien Nederlânske froulju en tsien manlju nei ta. Om te bepalen wa't dat wurde, hat it reedrydbûn in matriks opsteld. As je dy ynfolje en sjogge nei de earste tsien nammen by de froulju en manlju, hawwe je de dielnimmers fan it EK ôfstannen.
De KNSB hat dy matriks ynfolle op basis fan wêrop it bûn tinkt dat ús lân de grutste medaljekânsen hat.
In sfearbyld fan ferline jier: reedrydtoernoaien tusken de krystdagen en de jierwiksel wurde faak goed besocht
In sfearbyld fan ferline jier: reedrydtoernoaien tusken de krystdagen en de jierwiksel wurde faak goed besocht © Orange Pictures
Bûnscoach Rintje Ritsma hat lykwols wol it rjocht om twa riders oan te wizen foar de massastart en de ploege-efterfolging. Yn dat gefal ferliest per oanwiisplak de ûnderste fan de matriks syn of har plak.
Ek is der noch in oanwiisplak, wat ynhâldt dat de seleksjekommisje fan it bûn altyd in reedrider oanwize kin dy't fanwege in bepaalde reden de matriks net helle hat. Je kinne dan tinke oan in fal, sykte of wat oars.

De pleatsingsmatriks foar it EK ôfstannen

Froulju Manlju
1. Nûmer 1 fan de 1.000 meter Nûmer 1 fan de 5.000 meter
2. Nûmer 1 fan de massastart Nûmer 1 fan de 1.500 meter
3. Nûmer 1 fan de 1.500 meter Nûmer 1 fan de 1.000 meter
4. Nûmer 1 fan de 3.000 meter Nûmer 2 fan de 1.000 meter
5. Nûmer 1 fan de 500 meter Nûmer 1 fan de massastart
6. Nûmer 2 fan de 1.500 meter Nûmer 1 fan de 500 meter
7. Nûmer 2 fan de 500 meter Nûmer 3 fan de 1.000 meter
8. Nûmer 2 fan de 1.000 meter Nûmer 2 fan de 1.500 meter
9. Nûmer 2 fan de 3.000 meter Nûmer 2 fan de 500 meter
10. Nûmer 3 fan de 1.500 meter Nûmer 3 fan de 500 meter
11. Nûmer 3 fan de 1.000 meter Nûmer 3 fan de 1.500 meter
12. Nûmer 3 fan de 500 meter Nûmer 2 fan de 5.000 meter
13. Nûmer 3 fan de 3.000 meter Nûmer 3 fan de 5.000 meter
Foar it WK ôfstannen is der gjin matriks en is it ienfâldiger. Wa't op it NK ôfstannen by de earste trije einiget, pleatst him of har foar it WK. Utsein op de langste ôfstân (5.000 meter foar de froulju en 10.000 meter foar de manlju), dêrop pleatse de earste twa harren.
Ritsma giet foar it WK oer de ynfolling fan de trije teamûnderdielen (massastart, ploege-efterfolging en teamsprint).
Der is noch wol ien 'mar' yn dit ferhaal: Nederlân moat dizze startplakken by de lêste twa wrâldbekerwedstriden noch wol feilich stelle.
Rintje Ritsma, reedriden
Reedrydbûnscoach Rintje Ritsma © Orange Pictures
It slotstik fan it reedrydseizoen is begjin maart it wrâldkampioenskip allround & sprint. Dêr is by de froulju en manlju dizze dagen ek al in startbewiis te fertsjinjen.
As je de 500 en 1.000 meter fan it NK ôfstannen kombinearje, krije je in klassemint. De nûmers ien fan de froulju en manlju dêrfan, pleatse harren foar it WK sprint. De oare twa startbewizen binne te fertsjinjen by it NK allround & sprint yn febrewaris.
Je krije ek in klassemint as je de 1.500 en de 3.000 meter (froulju) en de 1.500 en de 5.000 meter (manlju) kombinearje. Dêrfoar jildt itselde: de nûmers ien fan de froulju en manlju fan dat klassemint pleatse har foar it WK allround.

Wrâldbekers

Nederlân wurdt op de lêste twa wrâldbekerwedstriden fertsjinwurdige troch in seleksje dy't bestiet út de bêsten fan it NK ôfstannen, oanfolle mei de minsken dy't de heechst klassearre binne fan de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.

3. Op wa moatte we de kommende dagen lette?

Om te begjinnen: Marijke Groenewoud. Se ried by in trainingswedstriid ferline wike hast oardel sekonde ôf fan har persoanlik rekôr op de 1.000 meter. Boppedat is se mei dy tiid (1.13,73) op de 1.000 meter de op twa-nei-fluchste reedrydster fan dit seizoen.
De fraach is lykwols hoe't Groenewoud dat op it NK dwaan sil. Sneon is de 1.000 meter, mar dan is ek de 5.000 meter en de massastart dy't se gewoanwei rydt.
Marijke Groenewoud
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Der stiet druk op Jorrit Bergsma. De Boarnster begûn muoisum oan it seizoen en wist him by it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai net te pleatsen foar de 5.000 meter. It slagge him wol op de 10.000 meter, mar dy waard mar ien kear ferriden. Dêrtroch hat er mar ien ynternasjonale wedstriid riden.
Mei syn 37 jier is Bergsma de âldste dielnimmer oan dit NK ôfstannen. Hy sil sjen litte moatte dat it kwalifikaasjetoernoai in ynsidint wie en dat er noch gjin slyt op him sit. In aardich feitsje: as Bergsma in medalje hellet, is it syn 25ste op it NK ôfstannen.
Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Se is de regearjend wrâldkampioene op de 500 meter, mar Femke Kok wol no op it wrâldkampioenskip ek einliks ris yn aksje komme op de 1.000 meter. Se pleatste har op dy ôfstân noch nea foar it WK.
Op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn oktober waard Kok twadde efter Jutta Leerdam op de 1.000 meter. Se kin noch hurder: by in trainingswedstriid ferline wike wie se in heale sekonde flugger as yn oktober.
Boppedat hat Kok har tsjinslach al hân: foarige moanne wie se siik en moast se in wrâldbeker misse. Dêrfan is se no wer hielendal opknapt.