Hoe sjocht de Fryske top 100 derút? 'BBQ mei de buorfrou' makket reuzesprong

Fryske top 100
Fryske top 100 © Omrop Fryslân
Der binne dit jier mar leafst 24 nije binnenkommers yn de Fryske top 100, dat binne der 6 mear as ferline jier. De heechste nije binnenkommer is werom te finen by de earste tsien.
Wa't dat is, hearre we op âldjiersdei. Dan stjoert Omrop Fryslân de hiele list út en wurdt de top 10 bekend makke. Wol kinne we alfêst ferklappe dat der in nije nûmer 1 is. Ferline jier wûn 'Wy Kam Fram Fryslân' fan De Hûnekop en Oele Plop.
Net alle nije binnenkommers binne ek nij yn de Fryske top 100, want fiif binne âldere ferskes dy't wer weromkomme yn de list.
Swipe hjirûnder foar de nûmers 100 oant en mei 11:
Yn totaal ha 12.521 minsken in stim útbrocht foar de list fan 2023. Mei-inoar brochten se 62.605 stimmen út op harren favorite Fryske nûmmers.
Opmerklik is de notearring fan nijkommer Steyn Land, dy't út it neat wei te finen is op plak 11 mei it nûmer 'Teeny teeny'. Syn heit Foppe Land stiet fansels ek yn de list as sjonger fan de band Strawelte.
Neist alle nije binnenkommers binne der ek ferskes werom te finen dy't jierren lyn útbrocht binne. It âldste ferske yn de top 100 is 'De begraffenis fan omke Wopke' út 1979 fan trûbadoer Doede Veeman.
Top 100 uitlichtingen
De âldste ferskes yn de Fryske top 100 © Omrop Fryslân
De grutste klimmer yn de list is 'BBQ mei de buorfrou' fan Stoflik Omskot. It nûmer stiet op 31, leafst 43 plakken heger as ferline jier. Opfallend is ek dat de trije nûmers yn de list fan de yn maaie dit jier ferstoarne keunstner en muzikant Gerrit Breteler allegear klimme.
De Fryske top 100 is op âldjiersdei fan 07.00 oant en mei 18.00 oere te hearren by Omrop Fryslân.
Mei 29 plakken makket 'Genot' fan Ricky ek in flinke stap foarút. It nûmer is in oade oan 'Liwwadden' en wurdt foar elke thúswedstriid fan Cambuur draaid.
It ferske dat it hurdst sakket, is 'Ik wie smoar' fan Oele Plop. Ferline jier stie it noch op it 25e plak, no komt it net fierder as plak 67. Yn gearwurking mei de Fryske toppers pakt hy wol in oar nij plakje yn de list.
Lykas alle jierren binne der ek artysten dy't goed fertsjintwurdige binne yn de list. De Hûnekop is mar leafst tsien kear werom te finen.
Top 100 uitlichtingen2
De artysten dy't it faakst foarkomme yn de list © Omrop Fryslân