It waar hie yn desimber twa gesichten: "In frisse start, dêrnei wiet en rûzich"

Rein, rein, rein yn desimber
Rein, rein, rein yn desimber © Omrop Fryslân
Desimber wie in moanne mei twa gesichten, as je nei it waar sjogge. Dat seit waarfrou Tjitske Wiebenga fan Omrop Fryslân. Nei in frisse start waard it wiet en rûzich en rûnen de temperatueren op.
Desimber begûn kâld en sels wyt. "It kwik kaam op 1 desimber net boppe de 0 graden út op it offisjele mjitstasjon yn Ljouwert", fertelt Wiebenga. Neffens har waard dat mooglik makke troch de laach snie dy't in dei earder fallen wie. Op de nacht dy't folge, wie der strange froast. Yn Ljouwert waard it sels -10.
Op 5 desimber lei der opnij snie. "Dat wie pas de tredde kear sûnt it begjin fan de mjittings. Allinnich yn 1925 en 1950 hienen we ek in wite sinteklaas." Wite krystdagen wienen it ek dit jier net, dy teller bliuwt dêrtroch op acht stean.

Rein en in soad wyn

Yn it twadde part fan desimber kaam der in westlike streaming. "We kamen dêrtroch fêst te sitten tusken ferskate waarsystemen", leit Wiebenga út. "Der kaam in soad wyn te stean, de temperatueren rûnen op nei 10 graden en it hat bêst in soad reind."
Allinnich yn it wykein fan 15 desimber hat it noch in pear dagen drûch west. Dêrnei foel der alle dagen rein.
Gewoanwei is dit in gersperkje, mar dizze moanne stie it ûnder wetter
Gewoanwei is dit in gersperkje, mar dizze moanne stie it ûnder wetter © Jillie Hart
It wie sels sa wiet dat op 19 desimber it Woudagemaal oan moast om foar te kommen dat de wetterstân yn de Fryske boezem te bot omheechgean soe.

Frachtwein om

In pear dagen letter kaam stoarm Pia dêr nochris efteroan. "It wie wynkrêft 9 en der sieten tige swiere wynpûsters tusken. Der gie sels in frachtwein om op de A32", wit Wiebenga noch.
De kantele frachtwein op de A32
De kantele frachtwein op de A32 © CAMJO media
Dan fan stoarm Pia nei stoarm Gerrit: yn Nederlân smiet de nei waarman Gerrit Hiemstra ferneamde stoarm net in soad oerlêst op. "Mar de Ingelsen hienen in protte lêst fan Gerrit. Hjir soarge it allinnich mar foar reinwetter en wat rûzich waar."
Stoarm Gerrit op de waarkaart
Stoarm Gerrit op de waarkaart © KNMI
Dan alle rein, it wiete waar. Yn Starum wie de moanne desimber sûnt de mjittingen begûnen mar twa kear wieter as yn 2023. Yn totaal foel der dizze moanne yn Starum 121,8 milimeter delslach. Mear as it eardere rekôr fan 2012.
Gewoanwei falt der yn desimber yn trochsneed sa'n 62 milimeter, fertelt Wiebenga. "Ek op oare plakken foel der mear rein as gewoanwei. Ljouwert hie sa'n 114 milimeter, wylst 75 normaal is."
19 desimber wie de wietste dei, mei bygelyks 19,4 milimeter yn Ljouwert en 17,3 milimeter yn Starum.

Grize moanne sûnder in soad sinne

Wat Wiebenga fierder opfoel oan it waar yn desimber, wie dat it in grize moanne wie, sûnder dat de sinne in protte skynde. "Mar de temperatuer wie nettsjinsteande de frisse start te heech", stelt se.
"Gemiddeld hienen we oerdeis 7,5 graad, wylst 6,3 normaal is. Nachts lei de temperatuer op 3,2, dêr't it gewoanwei yn trochsneed 1,4 is."
Neffens Wiebenga hawwe dy hege temperatueren foar in part te krijen mei de wyn. "As de wyn yn de winter út it súdwesten komt, dan lizze de temperatueren faak heech en is it rûzich en wiet."