Liveblog | 27 desimber 2023

112-nijs 27 desimber: Sânsekken op bûlevaar Makkum tsjin it hege wetter | Fiif oanhâldingen om fjoerwurk

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 27 desimber 2023, 21:38
21:38

Ynbrutsen yn in hûs yn Aldwâld

Yn Aldwâld is mei de krystdagen ynbrutsen oan de Ribes. Der is ek guod meinommen út in hûs. Doe't de eigener thúskaam fan in koarte krystfakânsje, trof er in binde oan. De plysje docht ûndersyk nei de ynbraak en ropt eventuele tsjûgen op om harren te melden.
19:25

Persoan oanholden nei falske brânmelding yn Ljouwert

De helptsjinsten oan de Dirk Boutsstraat
De helptsjinsten oan de Dirk Boutsstraat © AS Media
De brânwacht is woansdei útriden foar in falske brânmelding. It gie om in wenning oan de Dirk Boutstraat. Doe't de brânwacht op it plak kaam, die bliken dat der neat oan de hân wie. De plysje hat in bewenner oanholden. Der is net dúdlik wêrom en wat him krekt ôfspile hat.
15:49

Sânsekken pleatst foar bûlevaar Makkum tsjin it hege wetter

It pleatsen fan de pûden sân
It pleatsen fan de pûden sân © Greta (eigen foto)
Op de bûlevaar yn Makkum binne sânsekken pleatst, yn ferbân mei it hege wetter. De ôfrûne dagen stie it wetter al flink heech om Makkum hinne, mar de ferwachting is dat it wetterpeil yn de nacht noch heger komt. It strân wie al aardich ferdwûn. De pûden mei sân binne oanslutend op De Skilbank delset, by de tagong ta it strân.
14:27

Famke fermist út Snits

In 17-jierrich famke is sûnt earste krystdei fermist út Snits. Om 21.20 oere hinne gie se rinnend fuort fan har hûs oan de Jancko Douwamastraat. It is net bekend wêr't se nei ta gien is,
It famke hie in swarte jas en in grize hoodie oan. Fierder wie se klaaid yn in grize broek en hege wite skuon. It famke hat in noasknopke en ferskillende earbellen yn. Fierder hat se in bril.
In foto fan it famke is te finen op de webside fan de plysje.
13:03

Fiif oanhâldingen om yllegaal fjoerwurk

Fjoerwurk dat de plysje yn beslach naam hat
Fjoerwurk dat de plysje yn beslach naam hat © Plysje
De plysje hat fiif minsken oanholden foar hannel yn yllegaal fjoerwurk. It giet om trije minderjierrige jonges út Smellingerlân en twa manlju fan 22 jier út Grins.
De saak kaam oan it roljen nei in anonime melding. De plysje kaam derachter dat de trije minderjierrige jonges yllegaal fjoerwurk yn besit hienen en ferhannelen. Letter waard dúdlik dat se dat kocht hienen fan de twa manlju út Grins. By dy manlju thús lei noch mear fjoerwurk, dat se yn Poalen kocht hienen.
Nei it útlêzen fan de mobile telefoan fan ien fan dy manlju, kaam de plysje mear lokaasjes op it spoar dêr't yllegaal fjoerwurk lei. Dêr binne gjin minsken oanholden, mar wol fjoerwurk yn beslach naam.
10:40

Stekynsidint yn Arum, 52-jierrige frou oanhâlden

Plysje
Plysje © Omrop Fryslân
By in stekynsidint ôfrûne nacht oan de Oude Kerkstraat yn Arum is in 56-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
De plysje hat in 52-jierrige frou út deselde gemeente oanhâlden as fertochte. Sy sil heard wurde op it plysjeburo.
Neffens de plysje giet it mooglik om in ûnderling konflikt.