Gerrit Hiemstra hat syn eigen stoarm krigen: "Storm Gerrit has been named"

Gerrit Hiemstra
Gerrit Hiemstra © ANP
It Feriene Keninkryk wurdt woansdei teistere troch stoarm Gerrit. De stoarm is neamd nei de Fryske waarman Gerrit Hiemstra, dy't it 'kado' krige by syn ôfskied by de NOS.
De Britske waartsjinsten warskôgje foar 'storm Gerrit': oan de súdkust kinne wynsnelheden oant 113 km/oere foarkomme. Nederlân sil net te lijen hawwe fan de stoarm, dêrfoar waait de wyn hjir net hurd genôch. Allinne op de Waadeilannen kin it waar wat rûch wêze.
De Britske stoarm hat dus wol in Fryske namme krigen. Dat komt om't it Feriene Keninkryk, Ierlân en Nederlân in mienskiplike list brûke foar de stoarmnammen. 'Gerrit' stie op de list, as earbetoan oan de waarman.
Op X reagearre Hiemstra al op de oankundiging fan de stoarm: "Nice!". Hy fynt it wol spitich dat it yn Nederlân net ta in stoarm komt.
Hiemstra is net de iennige bekende waarman dy't in stoarmnamme krigen hat, ek Piet Paulusma stiet op de list mei stoarmnammen.

It wie wachtsjen op de G

De stoarmnammen wurde takend op alfabetyske folchoarder. It wie dus wachtsjen oant de G oan bar komme soe. It wie in ôfskiedskado fan Hiemstra syn NOS-kollega's en it KNMI.
It wie in idee fan presintator Simone Weimans, dy't alris fan Hiemstra heard hie dat er it grappich fine soe om in stoarmnamme te hawwen. Fia waarfrou Willemijn Hoebert waard it KNMI ynskeakele om foar de namme 'Gerrit' te pleitsjen.
De 62-jierrige Hiemstra begûn yn 1998 by de NOS as waarman en hy ferliet de omrop yn septimber. Sûnt dy tiid wurket hy as ûndernimmer yn de klimaatneutrale bou.