In grut wetterballet: de moaiste foto’s fan in dweiltrochwiet Fryslân

It "strân" fan De Lemmer is efkes ferdwûn
It "strân" fan De Lemmer is efkes ferdwûn © Johanna Otten Long
Je kinne der net omhinne: it wetter stiet heech yn Fryslân. It Wetterskip hat de hannen fol oan it wiete waar en it Woudagemaal op De Lemmer draait oeroeren. It smyt net allinne oerlêst op, mar ek moaie plaatsjes.
Omrop Fryslân die in oprop op sosjale media om ús de moaiste heechwetterfoto's ta te stjoeren.
Dêr kamen in soad reaksjes op, it docht bliken dat allerhanne hoeken yn Fryslân te lijen hawwe fan it wetter.
In greep út de moaiste foto's:
Wa't op 't Oerd op It Amelân in broadsje ite wol op dit bankje, hat earst in lytse hindernis te nimmen
Wa't op 't Oerd op It Amelân in broadsje ite wol op dit bankje, hat earst in lytse hindernis te nimmen © Rinnie Wijnstra
Mirjam fan Dokkum gie yn learzens troch it wetterballet
Mirjam fan Dokkum gie yn learzens troch it wetterballet © Mirjam Smits-Blom
De "wetterhûn" útlitte op De Lemmer
De "wetterhûn" útlitte op De Lemmer © Ali Thomas
Dit is gewoanwei fûgeltsjelân yn Nijeholtpea, mar de uterwaarden fan De Tsjonger binne no wat grutter
Dit is gewoanwei fûgeltsjelân yn Nijeholtpea, mar de uterwaarden fan De Tsjonger binne no wat grutter © Josephine Slootstra van den Bosch
Dit is in gersperkje, mar de tún leit der no wat oars by
Dit is in gersperkje, mar de tún leit der no wat oars by © Jillie Hart
By Hylpen is it wetter aardich oer de basaltblokken hinne stjitten
By Hylpen is it wetter aardich oer de basaltblokken hinne stjitten © Anky Bruining
It liket wol in wetterslachbad by Makkum
It liket wol in wetterslachbad by Makkum © Pieter H Horjus
It strân en gersfjild by Molkwar binne troch de Iselmar opslokke
It strân en gersfjild by Molkwar binne troch de Iselmar opslokke © Sophie van Neer
De wâlskant fan De Swette leit der yn Snits wat oars by
De wâlskant fan De Swette leit der yn Snits wat oars by © Brenda Grace Bakker
By Laaksum lit it wetter him ek net al te bot tsjinhâlde
By Laaksum lit it wetter him ek net al te bot tsjinhâlde © Trijntje Hofstee-de Lang
De Lauwersmar komt wol hiel tichtby sa, fan it fytspaad is net folle mear oer
De Lauwersmar komt wol hiel tichtby sa, fan it fytspaad is net folle mear oer © Lia Dijk
"Myn strân is fuort", stjoert Foekje út Makkum wei
"Myn strân is fuort", stjoert Foekje út Makkum wei © Foekje Spoelstra
De hinnen bliuwe hjoed yn it hok, stjoert Jan ús ta, oars krije se wieten poaten
De hinnen bliuwe hjoed yn it hok, stjoert Jan ús ta, oars krije se wieten poaten © Jan Postma
By Starum hat it wetter syn wjerslach ek wol hân
By Starum hat it wetter syn wjerslach ek wol hân © Yvonne Broersma
Tink derom, it hâldt noch net! Der stiet genôch wetter yn De Murk by Gytsjerk
Tink derom, it hâldt noch net! Der stiet genôch wetter yn De Murk by Gytsjerk © Willy Rijpma
Dit bankje yn Makkum hat it ek net sa maklik
Dit bankje yn Makkum hat it ek net sa maklik © Ietsje Brouwer-Sieperda
Dizze wettersporters by Murns litte har net samar út it fjild slaan
Dizze wettersporters by Murns litte har net samar út it fjild slaan © Na Tasja DeVries
Dizze tún leit der ek wat frjemd hinne
Dizze tún leit der ek wat frjemd hinne © Ali Thomas
Op dizze wize is in blokje om wol in útdaging
Op dizze wize is in blokje om wol in útdaging © Pea Wilstra
Gewoanwei is de '8' ek wol sichtber by Burgum, mar no hâldt it op by '7'
Gewoanwei is de '8' ek wol sichtber by Burgum, mar no hâldt it op by '7' © Anna Maria Dijkstra
Dit fytspaad is ek net mear wat it west hat
Dit fytspaad is ek net mear wat it west hat © Alfred Veenstra
Yn Aldemardum strûpt it wetter efter de dyk
Yn Aldemardum strûpt it wetter efter de dyk © Shefalie Guha Roy Thakurta
It wetter fan it Prinses Margrietkanaal komt it hûs aldergeloks noch net binnen, lit Ferdinand út Reahel witte
It wetter fan it Prinses Margrietkanaal komt it hûs aldergeloks noch net binnen, lit Ferdinand út Reahel witte © Ferdinand Zaal
Je kinne der mar goed om tinke, sels yn de Bakkefeanske Dunen
Je kinne der mar goed om tinke, sels yn de Bakkefeanske Dunen © Cornelia Rorafui van der Velde
Bûtendyks by Murns stiet it like heech as de Iselmar
Bûtendyks by Murns stiet it like heech as de Iselmar © Antsje Uilkje van Rijs
Yn De Deelen hawwe se wol in oplossing foar it wetter. Yn elts gefal drûge fuotten, seit Madeleine
Yn De Deelen hawwe se wol in oplossing foar it wetter. Yn elts gefal drûge fuotten, seit Madeleine © Madeleine Zwier