It wetter stiet heech, mar feilichheid net yn gefaar, seit Wetterskip Fryslân

It wetter yn de Ryptsjerksterpolder stiet heech
It wetter yn de Ryptsjerksterpolder stiet heech © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Wetterskip Fryslân foarsjocht op dit stuit gjin problemen mei de hege wetterstannen. Rûnom yn Nederlân wurdt hurd wurke om de oerlêst fan it hege wetter te beheinen, mar yn Fryslân kinne alle gemalen it oerstallige wetter foarearst noch aardich ôffiere.
Alle gemalen draaie op dit stuit folop, wêrûnder it histoaryske Woudagemaal by De Lemmer. "Alle spuikapasiteit wurdt brûkt", fertelt Piet van der Hoek fan Wetterskip Fryslân.
It Woudagemaal waard ferline wike tiisdei al opstart, om foar te kommen dat de boezemstân te bot oprinne soe. It gemaal bliuwt nei alle gedachten dizze wike noch trochdraaie.

IJsselmeer

It ôffieren fan it wetter is dreger fanwegen de hege wetterstân fan De Iselmar. Dêr stiet it wetter santich of tachtich sintimeter boppe it gewoane peil.
Veel water in de Ryptsjerksterpolder
Veel water in de Ryptsjerksterpolder © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De wetterstannen yn de polders binne heech, benammen yn it noarden en it easten fan de provinsje. Dat jildt bygelyks foar de Ryptsjerksterpolder.

34 cm ûnder NAP

Op dit stuit is de Fryske boezemstân 34 sintimeter ûnder NAP. It wetterskip stribbet nei in peil fan yn trochsneed 52 sintimeter ûnder NAP yn de marren, kanalen en fearten.
"De kommende tiid hoopje wy dat it wetter wer sakket", seit Van der Hoek. Der komt neffens de ferwachting noch in protte delslach oan, mar neffens it wetterskip is de situaasje yn Fryslân te behearskjen.
It Woudagemaal op De Lemmer
It Woudagemaal op De Lemmer © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Wy besjogge it eltse dei even. Binne der problemen? Dogge wy it goed? En wat binne de foarsizzingen", sa seit Van der Hoek út.
Nettsjinsteande it hege wetter is de wetterfeilichheid yn Nederlân op gjin inkeld plak yn gefaar, neffens de Unie van Waterschappen. Mei de maatregels kin it systeem it oan en binne de diken stevich genôch.

Kearslûzen sletten

Der binne tiisdei meardere kearslûzen yn it súdwesten fan de provinsje sletten. It giet om de slûzen by Goaiingaryp, Broek, De Jouwer en Lange Sleat.