It wiete waar siet krystkuiers yn ’e wei: Sint Nyk paste sels de rûte oan

Troch it wiete waar wie de krystkuier yn Sint Nyk wat oars as oars
De organisaasje fan de 19e Krystkuier yn Sint Nyk koe net oars: troch de rein wiene ferskate paden ûnderstrûpt, dêrom wie it needsaaklik de rûte te ferlizzen.
De rûte gie oars mear troch de bosken by Sint Nyk. Mar de organisaasje fûn de paden op guon plakken net begeanber genôch en moast ymprovisearje. Ynwenners út it doarp stelden parten fan harren hiem beskikber foar de organisaasje. Ek waarden guon dielen fan de rûte foarsjoen fan rydplaten.
Krystkuiers binne tradysje yn Fryslân op twadde krystdei. Under oare yn Bakkefean, yn De Harkema en yn Oentsjerk fûnen sokke kuiereveneminten plak.