Liveblog | 26 desimber 2023

112-nijs 26 desimber: Frachtwein mei biten omfallen yn Warfstermûne | Auto's botst by Appelskea

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 26 desimber 2023, 16:52
16:52

Frachtwein mei biten omfallen yn Warfstermûne

De biten leine foar it opkrijen
De biten leine foar it opkrijen © ProNews Producties
Yn Warfstermûne is in frachtwein mei biten omfallen. De frachtwein kaam op 'e side yn in sleat telâne, neist de Ooster-Nieuwkruisland. De sjauffeur rekke net ferwûne, mar der bedarren wol flink wat biten yn de sleat.
De brânwacht, plysje en in ambulânse binne nei it plak fan it ûngelok kaam om help te ferlienen. De frachtwein sil op in letter momint burgen wurde.
16:16

Twa auto's opinoar botst by Appelskea

Ien fan de skansearre auto's
Ien fan de skansearre auto's © BTBfotografie
Yn Appelskea binne tiisdei twa auto's opinoar botst op de Wester Es. Ien fan de auto's kaam de ôfrit fan de N381 ôf en knalde tsjin de oare auto op.
In ambulânse en in plysjewein binne op it plak kaam om help te ferlienen. Ien fan de bestjoerders hat medyske help krigen. It ferkear koe fia it fytspaad it plak fan it ûngelok foarbykomme. Beide auto's rekken flink skansearre.
09:10

Kontrôle fan hotel is klear

07:56

Brân yn hotel op Skylge

Der hat fan 'e moarn brân west yn it WestCord Hotel op Skylge. Neffens de brânwacht wie der sprake fan reekûntwikkeling. Wêr't it fjoer krekt begûn is, is net dúdlik.
De brânwacht hie de brân al gau ûnder kontrôle. Gasten fan it hotel wurde opfongen yn in oar part fan it hotel, dêr't gjin reek is.
De brânwacht is op dit stuit noch dwaande mei kontrôles yn it gebou.