Fûgelwachters Skylge moatte ferhúzje troch stoarmwaar

Fugelwachtersplak
It dún is oant en mei de fundaasje ôfslein © Joeri Lamers, Staatsbosbeheer
Staatsbosbeheer op Skylge moat op syk nei in nij plak foar de fûgelwachters op de Boschplaat. It fêste plak is hast fuortspield troch it rûge waar fan de ôfrûne tiid. De keet sels wurdt eltse kear foar it stoarmseizoen fuorthelle en stiet oars op de dunen tusken it strân en de Boschplaat by peal 27.
De fundaasje fan betonplaten leit der noch wol. It dún is no oant en mei dy platen fuortslein. Yn totaal is der sa'n fyftich meter stodyk fuortslein. Dat past yn in trend de ôfrûne jierren wêrby't it eilân hieltiten wat lytser wurdt.
Oan de iene kant heart dat by it karakter fan it Waad en smyt dat hiele bysûndere natuer op. Mar oan de oare kant wol Staatsbosbeheer dêroer ek wol yn petear mei de Skylgers dy't harren hjir soargen oer meitsje.

"Verder weg"

Nei de krystdagen wurde de betonplaten fuorthelle. De frijwillige fûgelwachters hâlde fan de maitiid ôf tafersjoch op de Boschplaat en ynformearje besikers fan it natuergebiet.
Mooglik dat der by de kaap romte is om in keet del te setten. "Maar dat is wel een stuk verder weg van het belangrijkste broedgebied op de Koffieboonplaat waar ze toezicht op moeten houden", seit boskwachter Joeri Lamers.
Sa sjocht it der no út
Skylge is net it iennige eilân dat lêst hie fan it rûge waar. Ofrûne freed die stoarm Pia flink fan har sprekken op ûnder oare It Amelân en Skiermûntseach. De stoarm soarge der foar nije geulen en dúnôfslaggen. Lykas hjirûnder ek te sjen is op filmkes fan X.