Liveblog | 25 desimber 2023

112-nijs 25 desimber: Auto bedarret op hage yn Kollum | Doeksen skrast ôffearten fanwege min waar

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 25 desimber 2023, 08:53
08:53

Auto bedarret op hage yn Kollum

Auto op in hage yn Kollum
Auto op in hage yn Kollum © RTV NOF
Earste krystdei is min begûn foar twa ynsitters fan in auto yn Kollum. Sy fleagen om 7.10 oere hinne út de bocht op de Van Limburg Stirumweg yn Kollum en bedarren mei de auto boppe-op in hage.
De ynsitters binne troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar neffens RTV NOF foelen harren ferwûnings ta.
It twatal is troch de plysje meinaam en wurdt heard. Der wurdt ûndersocht oft se ûnder ynfloed wienen.
08:42

Doeksen skrast ôffearten

Ms Willem Barentsz rederij Doeksen Terschelling Skylge
Ms Willem Barentsz rederij Doeksen Terschelling Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Rederij Doeksen hat yn ferbân mei it ferwachte minne waar en de hege dining ferskate wizigings oanbrocht yn de tsjinstregeling fan hjoed en moarn.
De ôffearten dy't ferfalle, binne:
  • Skylge-Flylân fan 16.25 oere
  • Flylân-Harns fan 17.05 oere
  • Harns-Flylân fan 18.10 oere
  • Flylân-Skylge fan 19.10 oere
Passazjiers wurde troch Doeksen op de hichte steld fan de wizigings.