Keninklike famylje winsket ús "Noflike krystdagen" op krystkaart

De keninklike famylje
De keninklike famylje © RVD - Mischa Schoemaker
De keninklike famylje winsket Nederlanners goeie krystdagen en in moai nijjier ta. Dat dogge sy net allinnich yn it Nederlânsk, mar ek yn it Frysk en in tal oare talen.
"Noflike krystdagen en folle lok en seine yn it nije jier", sa is te lêzen op de krystkaart dy't de keninklike famylje op ferskate sosjale mediaplatfoarmen dield hat.
Neist it Frysk wurde ús ek yn it Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk en Papiamintsk moaie dagen tawinske.
It is lykwols net foar it earst dat de famylje it Frysk brûkt. De ôfrûne jierren is ús taal faker foarbykaam op de krystkaart fan de famylje. Al winske de kening ús yn 2016 allinnich in soad lok yn it nije jier, wylst er yn de oare talen wol de krystdagen neamde.