ALS-aksje foar ferstoarne Skylger fotograaf hellet tsientûzenen euro's op

Sytse Schoustra
Sytse Schoustra © Omroep Zilt
Tsientûzenen euro's binne al ophelle mei foto's fan Sytse Schoustra. De Skylger waarfotograaf ferstoar earder dit jier oan ALS, it jild giet nei de striid tsjin de sykte.
Foar 25 euro kinst in 'kiekje foar Sytse' keapje. It jild wurdt donearre oan Serious Request, de aksje fan radiostasjon 3FM. Underwilens binne der al sa'n tûzen foto's ferkocht en der waarden ek noch tûzenen euro's donearre. "We zijn heel tevreden", seit Lars Schoustra, syn soan.
Schoustra dielde alle dagen waarberjochten en syn foto's fan Skylge ôf kamen geregeld foarby yn bygelyks it NOS-sjoernaal.
"Heel veel mensen die dagelijks zijn weerbericht keken, hebben een foto gekocht", fertelt Lars. "Dat was ook een beetje de insteek, mensen die jarenlang van zijn foto's hebben genoten vragen iets terug te doen voor mijn vader."
Lars Schoustra oerhandige snein de Skylger flagge mei it bedrach oan de dj's yn it glêzen hûs.