Liveblog | 24 desimber 2023

112-nijs 24 desimber: Koade giel foar Waadeilannen ynlutsen | Auto yn brân yn Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 24 desimber 2023, 20:34
20:34

Gjin waarswarskôging mear

De koade giel dy't it KNMI snein ôfjoech, is net mear fan kreft. De waarswarskôging waard krekt nei 20.00 oere ynlutsen.
It waarynstitút warskôge foar hurde wynstjitten yn it Waadgebiet.
16:33

Koade giel foar Waadeilannen

It KNMI hat foar de Waadeilannen koade giel ôfjûn. Der is kâns op wynstjitten fan sa'n tachtich kilometer yn 'e oere. Oan see kin dat sels oprinne oant njoggentich kilometer yn 'e oere.
De warskôging jildt oant sneintejûn om 20.00 oere.
13:46

Auto fljocht yn de brân yn Ljouwert

Auto wurdt blust Oostergoweg
Auto wurdt blust Oostergoweg © CAMJO Media
In auto is sneintemiddei oan de Oostergoweg yn Ljouwert folslein útbrând.
Doe't de auto noch ried, fleach er yn de brân. De ynsitters koene de wein op tiid ferlitte. De auto sil fuortsleept wurde.
It ferkear hat efkes lêst hân fan de brân, de brânwacht hie de rydstripe nedich om te blussen.
11:18

Dokterswacht ropt op: belje allinnich by driuwende situaasjes

Tige drok by dokterswacht
Tige drok by dokterswacht © ANP
It is tige drok by de Fryske dokterswacht. Op dit stuit steane minsken mear as in oere yn de wacht. Dat is faak sa om de krystdagen hinne, húsdokters binne woansdei, nei de krystdagen, pas wer oan it wurk.
De kommende dagen sille minsken, benammen tusken tsien en tolve oere moarns, lang oan de line hingje.
De dokterswacht hat ekstra triazjisten ynset op de telefoanline, mar it bliuwt dus drok.
De dokterswacht ropt minsken dy't net driuwend help nedich hawwe op earst op de webside Thuisarts.nl te sjen, dêr kin ek fia in chatfunksje fragen steld wurde. Belje by needsituaasjes fansels wol altyd it neednûmer 112.
10:46

Woudagemaal bliuwt draaien mei de krystdagen

It Woudagemaal op De Lemmer
It Woudagemaal op De Lemmer © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It Woudagemaal op De Lemmer bliuwt ek yn de krystdagen draaien. It is nedich om de wetterstân yn de Fryske boezem ûnder kontrôle te hâlden.
De wetterstân yn de boezem rint stadichoan op en de rein bliuwt ek de takom dagen kommen.
It gemaal is al sûnt 19 desimber yn wurking. It is de tredde perioade dit jier dat it gemaal oanstiet.
Hjoed is it gemaal noch iepen foar besikers, yn de krystdagen is it monumint ticht.
08:28

Offearten nei ferskate Waadeilannen ferfalle

Rederij Doeksen Willem Barentsz Skylge Fearboat 2022
Fearboat Willem Barentsz © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Fan 'e moarn falle in pear ôffearten fan de sneltsjinst tusken It Amelân en Holwert út. Dat komt troch in technysk mankemint oan de boat m.s. Fostaborg. It giet om de fearten fan 08.00 en 09.20 oere fan It Amelân ôf en de fearten fan 08.30 en 10.30 oere fan Holwert ôf.
Tusken Harns en Skylge kinne reizgers op beide krystdagen hinder ûnderfine. Rederij Doeksen skrast benammen ôffearten op 'e neimiddei en oan it begjin fan de jûn.
Minsken dy't oertochten boekt ha, wurde troch it bedriuw op 'e hichte steld.