FIDEO: Spesjale krystnachttsjinst út de Martinitsjerke yn Snits wei

Omrop Fryslân stjoert sneintejûn neffens tradysje in spesjale krystnachttsjinst út. Dizze ekstra tsjerketsjinst is live op ynternet en op telefyzje te sjen en komt út de Martinitsjerke yn Snits.
De foargonger fan de tsjinst is dûmny Fedde Welbedacht. De muzyk komt fan organist Bob van der Linde, yn gearwurking mei it Stedelijk Muziekkorps Sneek ûnder lieding fan Tseard Verbeek.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.