Opnij konteners yn see: skip ferliest lading foar kust Denemarken

maersk konteners kontenerskip msc
Konteners fan Mærsk © Shutterstock
Fan it hast fjouwerhûndert meter lange kontenerskip Mayview Mærsk binne freedtemoarn betiid 46 konteners yn de Noardsee foar de kust fan Noard-Jutland bedarre. Dat befêstiget reder Mærsk tsjinoer de Deenske publike omrop DR.
It is hast fiif jier lyn dat de MSC Zoe boppe de Waadsee 342 konteners ferlear. Neffens lokale media binne der no fjouwer konteners oanspield op de kust. Sy berjochtsje dat der ûnder oare kuolkasten, skuon en nullen oanspiele.
Dit bart yn it gebiet boppe Hanstholm. Neffens de earste foto's leit it der al aardich fol mei guod. De reder hat tasein mei te helpen alles op te romjen.

Stoarm Pia

De Mayview Mærsk kaam yn de problemen troch stoarm Pia. It wie ûnderweis fan it Dútse Bremerhaven nei it Poalske Gdansk. Nei in earste kontrôle, is it skip fierder fearn. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ynsidint.
BergingMSC3
In kontenerskip komt foarby wylst op de foargrûn in skip dwaande is mei de berging fan MSC Zoe ladingresten © Omrop Fryslân/Remco de Vries