Feanster scoutingklup krijt in soad stipe nei grutte brân

De skea is grut nei de brân by Scouting Polaris op it Hearrenfean
De skea is grut nei de brân by Scouting Polaris op it Hearrenfean © Omrop Fryslân
It wie in grutte klap foar scoutingklup Polaris fan It Hearrenfean. Troch in grutte brân ôfrûne novimber is hast al harren guod ferlern gien. No, goed trije wiken letter, krijt de feriening stipe fan alle kanten.
In klapperjende tinte en in lyts gebouke stean yn de fûle súdwestewyn noch oerein, mar fierder hâldt it net oer. Scouting Polaris fan It Hearrenfean is troch de brân hast al har guod kwytrekke.
"We binne sa fier dat wy no de boel wat opromme hawwe", seit foarsitter Robert Elsinga. "Mar 95 persint fan ús materiaal is fuort. Dat wat oer is, stiet der ek wat tryst by. De geur fan de reek sit der noch oan fêst, dus we witte noch net oft it aansten noch brûkber is."
Sa sjocht it terrein fan Scouting Polaris der no út
De folsleine skea is nei skatting sa'n 25.000 oant 30.000 euro. In grutte klap foar in feriening, dy't it hawwe moat fan jeften en stipe. "Wy besteane no fiif jier, dus dit is ús lustrumjier. Dat feest is wat minder dus", seit Elsinga.
De feriening is troch de brân werom yn de tiid smiten, seit de foarsitter. "Doe hiene wy ek hast neat. Wy hawwe hurd wurke en boud om alles sa te krijen as it foar de brân wie. Dat is no fuort."
Foarsitter Robert Elsinga fan Scouting Polaris op It Hearrenfean
Foarsitter Robert Elsinga fan Scouting Polaris © Omrop Fryslân
De feriening stiet no tydlik by in âld parkearplak fan SC Hearrenfean. Troch al it autoferkear is de grûn fan it terrein troch de jierren hinne feroare yn in sompige flakte. De jonge feriening wol dêrom graach in eigen terrein hawwe om harren definityf te fêstigjen.
"Wy hawwe no grut ferlet fan takomstperspektyf; wêr't wy hinne kinne of meie", seit Elsinga. "Dan kinne wy bouwe oan in definitive lokaasje. It is no dreech om frijwilligers te motivearjen om hjir twa jier te bouwen, as dat nei twa jier wer ôfbrutsen wurdt omdat we ferhúzje moatte."
De sompige grûn by Scouting Polaris op It Hearrenfean
De sompige grûn by Scouting Polaris op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
De feriening krijt stipe fan alle kanten. Sa hat de wethâlder by de scouting del west, om te sjen hoe't it terrein der nei de brân oan ta is. "It idee is no dat wy gau mei minsken fan de gemeente om tafel sitte kinne, dy't úteinlik bepale wêr't wy permanint sitte kinne."
Hoe dan ek betsjut de brân net de ein fan de feriening. Sterker noch, de leden binne allinnich mar tichter by-inoar kaam. "In hiel protte minsken hawwe help oanbean", seit Elsinga. "Alden, jeugdleden en frijwilligers hawwe allegear meiholpen. Foar it mienskipsgefoel fan de feriening hat dat in soad dien."
Wy binne de scouting, dy is net kapot te krijen.
Foarsitter Robert Elsinga
Mar ek fanút de mienskip is de stipe grut. De feriening hat ek de crowdfundingsaksje 'Polaris na de brand' opset om nij guod keapje te kinnen. Dêr is oant no ta sa'n 12.000 euro ophelle. Ek oare scoutingferienings hawwe help oanbean.
"Fan de scouting yn Ljouwert meie we guod brûke dat we nedich hawwe, dat wolle se dan gewoan ús kant op bringe", seit Elsinga. "Sels in man út Venlo hat ús opbelle dat wy syn tinte hawwe mochten, om't er him net mear brûkt. Wy binne de scouting, dy is net kapot te krijen troch in tebeksetter lykas dit."