Dé fjouwer fuotbalmominten fan 2023 yn de eagen fan de Sportcast

Sportcast, kryst
De Sportcast © Omrop Fryslân
It is de tiid fan weromsjen, foarútsjen en it meitsjen fan goeie foarnimmens. We sjogge yn de Sportcast werom op it fuotbaljier 2023 yn in spesjale krystôflevering.
De fjouwer sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân kieze harren mominten fan it ôfrûne jier.

Fryske derby

Sportferslachjouwer Roelof de Vries kiest foar de lêste Fryske derby, dy't spile waard op 19 febrewaris fan dit jier. "Dat wie de earste kear sûnt seis jier dat se tsjin inoar spilen yn in fol stadion yn Ljouwert, want dêrfoar wie corona", seit De Vries.
SC Cambuur kaam op foarsprong, it stadion stie op 'e kop, mar úteinlik wûn sc Hearrenfean yn in derby fol fjoer. De Vries: "It is gewoan sa hearlik om yn it stadion te sitten by sa'n Fryske derby. Wat is dy derby dochs moai."

Strafskoppesoap yn it amateurfuotbal

It hold fuotbaljend Fryslân dwaande yn de ôfrûne simmer en it is it momint fan sportferslachjouwer Arjen de Boer: de strafskoppesoap tusken VV Hardegarijp en Heerenveense Boys. "It hat my de hiele simmer troch holpen", seit De Boer.
"It hie in oanrin fan in moanne lang, wêryn't it ús yn de besnijing hold. En úteinlik wie it nei trije minuten klear", fertelt De Boer.

Henk de Jong

It hichtepunt fan sportferslachjouwer Andor Faber hie plak yn juny fan dit jier. Doe skode Henk de Jong foar it earst sûnt syn riskante harsenoperaasje oan by de Sportcast.
"Fuotbal is de wichtichste bysaak fan it libben, want úteinlik giet it om sûnens en leafde. En benammen sûnens is it meast wichtige", seit Faber. "Yn dat ljocht wie myn hichtepunt dat wy yn juny yn de Sportcast de âlde Henk de Jong foar it earst sûnt oardel jier weromseagen."

Triomftocht fan Taeke Triemstra

Sportferslachjouwer Geert van Tuinen is it keatsgewisse fan Omrop Fryslân en hy kin dit jier mar foar ien momint gean: Taeke Triemstra dy't op 23 july de meast suksesfolle keatser ea wurdt.
33 jier lyn wie Van Tuinen der ek by doe't Piet Jetze Faber de nûmer ien waard. En no dus wer mei Triemstra. "Yn Minnertsgea soe it wêze, mar gie er derôf tsjin Menno van Zwieten-en-dy. Doe yn Dokkum by in trochinoarlotsjen-partij. It wie ferskriklik waar, hy hie in min partoer en gie der yn de earste omloop ôf."
Van Tuinen ferfolget: "De druk kaam te lizzen by de Rengersdei. En wer moast er tsjin it partoer fan Van Zwieten. En dan pakt Triemstra it klassemint. Ik rekke in momint myn sjoernalistike distânsje kwyt. Ik fûn it in euforysk momint."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.