Cambuur Sjoernaal: spilers en stêf mei in kater rjochting it krystmiel

Cambuur Sjoernaal Den Bosch
Cambuur Sjoernaal Den Bosch © Dijks Fotografie
It hie in sterk einskot fan SC Cambuur wurde moatten, mar yn stee dêrfan giet de klup mei in grutte kater de krystdagen yn. Nûmer ien-nei-lêst FC Den Bosch wie yn de slotwedstriid fan 2023 mei 3-1 te sterk foar de ploech fan Henk de Jong.
De wike begûn foar Cambuur noch sa moai mei de bekeroerwinning yn en tsjin FC Dordrecht. Mar de Ljouwerters slaggen der net yn om dat in goed ferfolch te jaan yn de lêste kompetysjewedstriid fan it jier. Troch dit ferlies en dat fan ferline wike is Cambuur de oansluting mei de boppeste plakken folslein kwyt.
Alles oer FC Den Bosch - SC Cambuur yn it Cambuur Sjoernaal: