Liveblog | 23 desimber 2023

112-nijs 23 desimber: Hotel Appelskea ûntromme | Auto útbrând yn Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 23 desimber 2023, 22:14
22:14

Hotel Appelskea ûntromme fanwegen frjemde lucht

Hotel Appelskea ûntromme fanwegen frjemde lucht
Hotel Appelskea ûntromme fanwegen frjemde lucht © BTBfotografie
Hotel Appelskea moast oan it begjin fan de jûn koart ûntromme wurde. Der waard in frjemde lucht rûkt en dêrom waard de brânwacht ynskeakele. It hotel waard út foarsoarch ûntromme.
De brânwacht hat mjittingen dien, mar der waard neat oantroffen.
21:51

Lytse brân by stjoermêst Damwâld

De brânwacht fan Damwâld is niiskrekt útriden foar in brantsje by in stjoermêst oan de Lytse Loane yn Damwâld. Krekt njonken dat plak lei in brânbultsje fan autobannen. De brânwacht hat it fjoer útmakke; de plysje ûndersiket wa't it fjoer krekt oanstutsen hat.
21:23

Treinen ride wer, problemen foarby

De problemen op it spoar tusken Ljouwert en Meppel binne foarby. De treinen ride wer neffens de tsjinstregeling.
20:02

Problemen op it spoar tusken Ljouwert en Meppel

Der binne problemen op it spoar tusken Ljouwert en Meppel. Op meardere trajekten ride dêrom gjin treinen. Tusken Meppel en Akkrum ride gjin sprinters troch in defekte trein. Tusken It Hearrenfean en Ljouwert ride gjin Intercity's, ek troch in defekte trein.
De problemen duorje oant likernôch 21.00 oere, ferwachtet de NS.
17:59

Auto útbrând yn Ljouwert

Oan de Insulindestraat yn Ljouwert is sneontemiddei in auto folslein útbrând.
Neffens in korrespondint tinkt de plysje dat de auto yn de brân stutsen is.
Auto útbrând yn Ljouwert
Auto útbrând yn Ljouwert © CAMJO Media
16:17

Guon ôffearten Doeksen ferfalle mei de krystdagen

De fearboat fan Doeksen op de Waadsee
De fearboat fan Doeksen op de Waadsee © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Rederij Doeksen skrast op earste en twadde krystdei ferskate ôffearten. Neffens de rederij komt dat fanwegen de minne waarsomstannichheden en de hege dining. Minsken dy't oertochten boekt ha, wurde troch it bedriuw op 'e hichte steld. It giet benammen om ôffearten op 'e neimiddei en oan it begjin fan de jûn.