Wurgens en sleauwens liede ta ferlies Cambuur: "Gjin skim fan wat ik wend bin"

Cambuur baalt nei ferlies tsjin FC Den Bosch
Cambuur baalt nei ferlies tsjin FC Den Bosch © Dijks Media
Sportklup Cambuur giet mei in min gefoel de winterstop yn nei in 3-1 nederlaach tsjin FC Den Bosch. Trainer Henk de Jong seach it ferlies fan skerpte by syn ploech al in pear wiken oankommen seit er nei de wedstriid.
De Ljouwerters reitsje troch it ferlies de oansluting mei de top fan de earste divyzje kwyt. "Dit is gjin skim fan wat ik wend bin", seit de trainer. "Je wolle dit soarte perioades altyd mei in goed gefoel yngean, dit hie ik foarkomme wollen. Dêr is gjin ekskús foar, it is gewoan min."
Den Bosch stie ien nei lêste, mar profitearre optimaal fan it optreden fan Cambuur, wylst de Ljouwerters tiisdei just noch in sterke wedstriid spilen yn it bekertoernoai.
De ferklearring neffens De Jong: wurgens. "Ik sjoch it by in oantal jonges in pear wykjes oankommen dat it wat swierder wurdt. Dat guon minder skerp wurde."

Rêstdagen

Dat kin ek lizze oan it feit dat guon spilers de ôfrûne tiid boppe harren kinnen prestearre ha, follet er oan. "Mar dat hinderet neat, Dat moatte wy wer foar inoar krije, dêr ha wy no in pear dagen foar."
Henk de Jong seach gjin skerpte by syn ploech
De trainer seach it gebrek oan skerpte werom yn it spul: net koart op de tsjinstanner sitte, net goed spylje yn duels, ûnnedige risiko's nimme yn de opbou. "Dat is al it hiele seizoen hoe't wy de goals tsjin krije. Dêr moatte wy ek fan leare."
Yn de rêst koe er it dan ek net mear goed meitsje. "Ik bin yn de rêst wol lilk wurden mar dat moat net eltse kear. Wy moatte dêryn stappen meitsje, 'over mijn lijk foar de klup'."

Terjochte nederlaach

In terjochte nederlaach foar de ploech, fynt de Jong dus. Wol heakket er noch even ta dat der ek in soad wedstriden binne dêr't de Ljouwerters it wol goed dogge, benammen tsjin toppploegen.
Hy lit syn Krystdagen dus net troch dit ferlies bedjerre. "Nee, dat haw ik wolris dien, mar dat doch ik no net. Der is mear yn it libben as dit. Wy dogge der alles oan en nimme no in pear dagen rêst."
By Marco Tol is minder positiviteit te bespeuren. "We wilden deze week goed afsluiten, dan begon dinsdag goed, maar dit is een forse domper."
Marco Tol oer it ferlies fan syn ploech
Neffens him wie de ploech allinnich it kertier foar it skoft goed oan it fuotbaljen. "Het eerste halfuur was dramatisch, we hadden zoveel slordigheden aan de bal en onnodig balverlies. Als we de ruimte dan wel hadden deden we verkeerde aannames, dan waait de bal eens uit, en dan waait ie op onverklaarbare manier binnen."
De ferklearring fan Tol is dat de spilers dy't gewoanwei goed spylje no in hiel soad flaters makken. Ballen dy't fan de foet sprongen en dêr't de tsjinstanner troch counterje koe bygelyks. "Dan zakt het wat in elkaar, moet je terugkomen, maar sta je al 1-0 achter. Dan wordt het zo moeilijk. Na de rode kaarten wordt het helemaal lastig natuurlijk."
"We gaan niet met een fijn gevoel de vakantie in", is syn konklúzje.