Swak Cambuur giet mei nederlaach tsjin leechfleaner Den Bosch de winter yn

Henk de Jong baalt
Henk de Jong baalt © Dijks Media
Sportklup Cambuur giet mei in min gefoel de winterstop yn. De Ljouwerters ferlearen mei 3-1 by leechfleaner FC Den Bosch en reitsje de oansluting mei de top fan de earste divyzje kwyt.
Den Bosch stie ien nei lêste, mar profitearre optimaal fan it optreden fan Cambuur. Milan Smit joech de Ljouwerters noch even hoop yn it lêste kertier, mar dy wie fuort doe't de thúsploech yn de blessueretiid dien wurk makke.
Henk de Jong stjoerde deselde alve spilers it fjild yn as ôfrûne tiisdei, doe't Cambuur foar de beker wûn fan Dordrecht. Michael Breij foel dy wedstriid noch, mar wie no ôfwêzich fanwegen in skorsing.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Tol, Smand, Bergsma, Sylla; De Jong, Van Mullem, Van Kaam; Balk, Uldrikis, Smit
Cambuur rûn yn De Vliert al gau achter de feiten oan. Nei goed tsien minuten brocht Jaron Vicario de bal yn de sechstjin. Spits Kacper Kostorz stie mei de kont nei de goal, mar wurke de bal dochs wûnderbaarlik achter Yanick van Osch.
Dyselde Kostorz hie even letter it fizier net op skerp, doe't in kopbal heech oer gie. Mar dat er sa'n soad romte krige, wie gjin ynsidint.
Vicario en Kostorz soargen nei in healoere wer foar gefaar. De earste joech in djiptebal op de twadde, dy't keeper Van Osch al foarby wie. Ferdigener Léon Bergsma koe der noch krekt foar soargje dat it gjin 2-0 waard.
Fedde de Jong wint in kopduel
Fedde de Jong wint in kopduel © Dijks Media
Roberts Uldrikis wie yn de slotfaze fan de earste helte de man dy't Cambuur op likense hichte bringe kind hie. De earste kear lei doelman Joey Roggeveen yn it paad by in kopbal, in pear minuten letter koe de spits út Letlân krekt net by in foarset fan Remco Balk.
Doelman Roggeveen siet Cambuur oan it begjin fan de twadde helte wer dwers, doe't ferdigener Marco Tol nei in frije traap de bal út de draai besocht binnen te wurkjen.
Mei noch in healoere te spyljen, waard de hoop in stik lytser op in goed resultaat foar de Ljouwerters: ferdigener Floris Smand krige syn twadde giele kaart fan skiedsrjochter Richard Martens, omdat er Vieiri Kotzebue fêsthold.
Floris Smand krijt syn twadde giele kaart
Floris Smand krijt syn twadde giele kaart © Dijks Media
Mei in man mear makke Den Bosch al gau de 2-0. Van Osch hold earst Nick de Groot noch knap fan it skoaren, dêrnei Vicario, mar by de tredde ynset fan de thúsploech wie it wol raak. Stan Maas krige in soad romte en makke syn earste goal yn it proffuotbal.
Yn it lêste kertier besocht Cambuur it noch. In kopbal fan Balk waard noch keard, mar even letter profitearre Cambuur fan balferlies by de Brabanners. Daniël van Kaam joech de bal yn ien kear oan Smit en dy makke alwer syn fjirtjinde goal fan it seizoen.
De lykmakker kaam der net mear. Yn de slotfaze waard it ferlies noch wat pynliker, doe't Sebastiaan van Bakel earst ynfaller Thomas Poll útkapte en dêrnei de 3-1 binnen skeat.
Teloarstelling by Roberts Uldrikis en Milan Smit
Teloarstelling by Roberts Uldrikis en Milan Smit © Dijks Media
It is it twadde ferlies op rige foar Cambuur yn de kompetysje, nei in rige fan acht wedstriden sûnder nederlaach. Foar Den Bosch wie it just de earste oerwinning sûnt 29 septimber.