Eksperimint mei wetterpeil by Aldeboarn set in jier langer troch

Projektlieder Gert Diever
Projektlieder Gert Diever © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Boeren by Aldeboarn meie noch in jier langer eksperimintearje mei it wetterpeil ûnder harren lân. Soks wurdt ek wol in HAKLAM-peil neamt en dat stiet foar 'heger as it kin, leger as it moat'.
Yn de buorskip Poppenhuzen, tusken Aldeboarn en De Feanhoop, hawwe boeren folle mear stjoer oer it wetterpeil. Dat kaam dit jier goed út. Yn 2022 wie der net in soad te rêden, mar it ôfrûne jier wie en is it noch hieltyd tige wiet.
"Wy begûnen yn de maitiid al wat mei in wiete perioade", seit projektlieder Gert Diever. "Nei't de earste jarre oer it lân hinne wie, koene wy wol wat bewege, sa tochten wy. Mar dat wie net sa. Dus ha wy it wer nei ûnderen ta brocht. Sa koene de boeren de earste snee gers fan it lân ôfhelje. Dêrnei hawwe wy it wetterpeil wer omheech dien."

Net te wiet en net te drûch

De wichtichste les út dizze perioade is it belang fan in goed oerlis mei Wetterskip Fryslân. Diever seit dat sy foar takom jier eins gewoan itselde doel hawwe: "Wy wolle net fersûpe, en wy wolle net ferdrûgje."
Hjir fine je de feangreidegebieten
Hjir fine je de feangreidegebieten © Omrop Fryslân
"Dat is wat it wetterskip wol en wat de boeren yn it gebiet ek graach wolle. As wy dêr in goeie wei yn fine kinne, dan is dat ien fan de spearpunten."

Produktyf

It is ek saak dat it lân produktyf bliuwt. Wat dat oanbelanget, steane der neffens Diever noch wol wat fragen iepen foar takom jier: "Kinne wy in pakket ûntwikkelje dat de boaiemfruchtberens ferbetteret?"
"En past dat yn de hjoeddeistige eko-regeling of moatte wy dat yn in agrarysk natuerbehear-pakket jitte? Dêr wolle wy eins 2024 noch goed foar brûke."