Lekkaazje by Observeum yn Burgum: “Reparaasje kostet goed tsientûzen euro”

Observeum yn Burgum
Observeum yn Burgum © ANP
Museum en stjerrewacht Observeum yn Burgum hat lêst fan lekkaazjes yn de koepel. De lekkaazje kin gefaarlik wêze foar de apparatuer dy't der stiet, mar ek foar de besikers.
It dak moat reparearre wurde, omdat de lûken net goed slute, mar de kosten dêrfan rinne aardich op.
Frijwilligers fan it Observeum binne in crowfunding begûn. "Wy hawwe ferlet fan help fan oaren", fertelt frijwilliger Bernard Boersma. "De kosten binne goed tsientûzen euro. Dit kinne wy út it Observeum wei net betelje. We binne de iennige yn it Noarden, dus we hoopje dat de crowdfundingaksje helpt."
Boersma hopet dat de reparaasje fan it dak gau begjinne kin: "Wy hawwe gjin plan B. Wy hoopje no dat der net te folle rein falt. We sitte no op likernôch 100 euro, dus eltse lytse donaasje is wolkom."
It is gjin gelokkich jier foar it Observeum: yn maart wie der ek al wetterskea en waard der ynbrutsen. Ynbrekkers ha doe ûnder oare sieraden meinaam.