Liveblog | 24 desimber 2023

Sportnijs: LDODK wint opnij | UNIS Flyers wint nei overtime

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 24 desimber 2023, 07:11
snein 24 desimber 2023
07:11

Jan Groenendijk foar tredde kear op rige Nederlânsk kampioen damjen

Taeke Kooistra is Frysk kampioen damjen
Taeke Kooistra is Frysk kampioen damjen © kndb
Jan Groenendijk hat yn Drachten op de slotdei fan it NK damjen foar de tredde kear op rige de titel pakt. Hy moast tsjin Alexander Balaikin fia barraazjes útmeitsje wa't kampioen wurde soe.
De Friezen hiene it swierder yn it toernoai, mar beiden einigen sterk mei in remize. Gabriël Heerema Gerlof Kolk waard tolfde fan de fjirtjin. Gerlof Kolk einige noch ien plakje dêrûnder.
Taeke Kooistra waard nei in partij tsjin Frederik Bos kampioen Frysk damjen.
sneon 23 desimber 2023
22:42

UNIS Flyers wint nei overtime

De UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe nei overtime wûn fan de Bulldogs út Luik. Yn België waard it 2-3.
Henri Ruotsalainen en Jasper Nordemann skoarden de earste goals fan de Flyers. Frankie Pucci makke de winnende yn de overtime.
22:20

Follybalfroulju Snits yn beslissende set ûnderút

De follybalfroulju fan Friso Snits ha niiskrekt yn in beslissende set ferlern fan Utrecht. Yn Snits waard it úteinlik 2-3 foar de besikers, dy't dêrmei op it nipperke nei de kwartfinale fan de nasjonale beker geane.
De setstannen wiene 25-27, 25-12, 19-25, 25-21 en 15-17.
22:09

Harm Visser twadde op Marathon Cup

It poadium mei Visser, Swings en Ter Haar
It poadium mei Visser, Swings en Ter Haar © Martin de Jong
Harm Visser fan De Westereen is twadde wurden op Marathon Cup yn Grins. Bart Swings wûn de wedstriid.
Visser wûn dit seizoen fiif kear op de Marathon Cup.
21:24

LDODK wint fan KCC

LDODK oerwinning
Julian Frieswijk fan LDODK by in eardere oerwinning dit seizoen © Orange Pictures
LDODK hat ek de seisde wedstriid fan it seizoen wûn. It waard 20-11 tsjin KCC. De ploech fan De Gordyk wûn oant no ta eltse wedstriid dit seizoen.
Femke Faber skoarde it faakst, sy makke hjoed 4 doelpunten. LDODK bêhaldt mei de winst de kopposysje yn de Kuorbal League.
20:19

Marijke Groenewoud fiifde op Marathon Cup

Marijke Groenewoud fan Hallum is fiifde wurden op de Marathon Cup yn Grins.
De winst gong nei Irene Schouten.