Fûgels op it Waad krije 6 miljoen euro foar bettere omstannichheden

Twa mientsen
Twa mientsen © Marcel van Kammen / Waddenvereniging
Om de fûgels op it Waad te helpen stekt it ministearje van Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit 6 miljoen euro yn de twadde faze fan Wij & Wadvogels. Dat projekt is der om de omstannichheden fan fûgels te ferbetterjen.
Ien fan de doelen is om mear plakken geskikter te meisjen foar fûgels, binnendyks en bûtendyks. Fierders wol it projekt besykje minsken safier te krijen dat se de fûgels net of minder fersteure.
KluutNoarderleech
In klút op it Noarderleech. Ek mei dizze soart giet it net goed. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It tredde doel is om kennis te garjen en út te wikseljen oer wat wol wurket en wat net. Sa binne der guon Waadfûgels dêr't it goed mei giet, mar de measte fûgels hawwe it dreech troch klimaatferoaring en minsklike aktiviteiten.
It projekt Wij & Wadvogels is in gearwurking fan de Vogelbescherming, Waddenvereniging, Staatsbosbeheer en yn Fryslân It Fryske Gea.
It ministearje stekt no dus 6 miljoen yn de twadde faze fan Wij & Wadvogels. Mei help fan oare jildsjitters is der yn totaal 16 miljoen euro beskikber foar 25 projektûnderdielen.
Minister Christianne van der Wal: "Ik ben blij dat we met deze subsidie voor het programma Wij & Wadvogels een nieuwe bijdrage kunnen leveren aan het herstel van de trek- en broedvogelpopulaties in het Waddengebied. De Wadden zijn ons unieke natuurlijke erfgoed waar we zuinig op moeten zijn."