Caroline van de Pol yn jannewaris al gjin boargemaster mear fan Skylge

Caroline van de Pol
Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Caroline van de Pol is takom jier gjin boargemaster mear fan Skylge. Se krijt op 2 jannewaris ferlof en op 28 maart hâldt har tsjinstferbân offisjeel op. Dy dei begjint se as boargemaster fan Castricum.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok advisearret yn in brief oan de gemeenteried fan Skylge om Van de Pol oant en mei de feestdagen noch wol yn te setten foar pikettsjinsten en de portefúlje hanthavening.
Van de Pol joech in wike lyn noch oan foarearst noch net ophâlde te wollen. Sy sei just de saken op Skylge noch goed efterlitte te wollen.
Brok wol op in 'sa koart mooglike termyn' in waarnimmer oanstelle, dy't dan ek in skoft sitten bliuwt. "Fan in proseduere foar in troch de Kroan beneamde boargemaster kin pas sprake wêze as der genôch bestjoerlike stabiliteit en rêst is op Skylge."
Brok fertelt hoe't er ta syn beslút kaam is
"It soe ek nayf wêze om te tinken dat it fuortgean fan de boargemaster de oplossing is foar alles", skriuwt de kommissaris oan de ried. "Ik nûgje jo dêrom út om troch te gean mei it ferbettertrajekt en it gearwurkjen tusken de bestjoersorganen en mei de amtlike organisaasje fierder te befoarderjen."
Brok hat al in waarnimmer op it each. Dy besprekt er op 29 desimber mei de riedsleden. As dy posityf binne, wurdt de waarnimmer dy dei noch beneamd.

Slim fersteurde ferhâldingen

Van de Pol leit al langer as in jier ûnder fjoer yn de gemeenteried, hoewol't ek de wethâlders en de ried sels in rol yn it konfklikt hawwe. Der is sprake fan slim fersteurde ferhâldingen op it eilân.
Dêr rûn in mediationtrajekt om de ferhâldingen te ferbetterjen, dêr't sa'n 100.000 euro foar útlutsen waard.

Telefoantsje yn krisisgearkomste

De ferbjustering wie dan ek grut doe't Van de Pol op 15 desimber ûnder in riedsgearkomste - dy't sels oer de bestjoerskrisis gie - belle waard en te hearren krige dat sy boargemaster fan Castricum wurde kin.
Der wie net ien dy't fan dy sollisitaasje wist, útsein kommissaris fan de Kening Arno Brok. Nei't de Noard-Hollânske fertrouwenskommisje har belle, siet Van de Pol der nei eigen sizzen hielendal "van te shaken."
Guon riedsleden wiene lykwols fan betinken dat it suver in "schoffering van de raad" wie. Fjouwer oeren nei it bekendmeitsjen waard in moasje yntsjinne om Van de Pol fuort te stjoeren.
Yn de brief neamt Brok de gong fan saken "heechst ûngelokkich". "Fanwegen de ynspanningen fan it ôfrûne jier hie it better west om it debat mei elkoar ôf te rûnjen. Ik permittearje my dêrby de opmerking dat it miskien ek better west hie om de riedsgearkomste te skorsen en der op in letter stuit mei troch te gean."