Kust by Ferwert leit fol planterêsten nei stoarm Pia, mar opromje kin noch net

Bernard Visser foar oanspield floedmerk by de dyk fan Ferwert
Bernard Visser fan Wetterskip Fryslân by de dyk fan Ferwert © Omrop Fryslân
De dei nei stoarm Pia binne meiwurkers fan Wetterskip Fryslân noch hieltyd drok mei de gefolgen. Se komme oanspield ôffal tsjin op de diken, mar dat moat earst lizzen bliuwe.
It wetterskip hie al in rûzige nacht troch Pia. Under oare diken moasten yn 'e gaten hâlden wurde, it wetterpeil kaam yn Harns goed boppe de 3 meter út.
Bernard Visser is behearder fan kilometers en kilometers oan seedyk foar it Wetterskip. Hy rint om yn de plante- en takkeboel, sa hjir en dêr leit der in plestik fleske tusken. "Sa heech hat it wetter dus west", seit er, as er de boppeste line fan it saneamde 'floedmerk' oanwiist.
De planterêsten komme foar in diel fan de kwelders en foar in diel ek fan see ôf.

Te wiet om op te romjen

In soad fan it guod is troch de wyn út it noardwesten by Ferwert telâne kaam en moat opromme wurde. Mar no noch net, seit Visser.
Stoarm Pia hâldt it Wetterskip dwaande
"It is fierstente wiet en it wetter stiet noch te heech. De dyk dy't wy brûke foar ynspeksje, kinst net iens sjen, omdat er ûnder wetter leit."
Boppedat is it lân te sêd om der mei kranen op te kinnen.

Gjin plestik

It floedmerk moat dan mar nei de krystdagen ophelle en ferwurke wurde. Mar safolle mooglik plestik moat dertuskenút helle wurde.
It wetter by Ferwert stiet noch te heech om it floedmerk op te romjen
It wetter by Ferwert stiet noch te heech om it floedmerk op te romjen © Omrop Fryslân
"Dêr wurdt de ferwurker net bliid fan", seit Visser. "Sadree't wy it wat byinoar ha, ride we it nei in depot op ús eigen terrein en dêrnei giet it mei frachtweinen nei de kompostearder."

Kwaliteit fan de dyk

De rommel kin net lizzen bliuwe, leit Visser dêrnei út. Dat is net goed foar de gersmatte op 'e dyk.
"En dy gersmatte is wol bot fan belang foar de sterkte fan de kearing. As de gersmatte fuort is, kinst eroazjeplakken op de kearing krije. Dat kin wer gruttere gatten yn de dyk ta gefolch ha."