Modelspoor Museum ferhuzet nei nijbou op De Hemmen yn Snits

It Modelspoor Museum sit no noch yn it stasjonsgebou fan Snits
It Modelspoor Museum sit no noch yn it stasjonsgebou fan Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It Modelspoor Museum krijt plak yn nijbou oan de Smidsstraat, oan de westkant fan Snits. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat dêr tongersdei mei ynstimd.
It museum komt krijt in nijbouplak neist bowling- en partysintrum De Stolp, op it bedriuweterrein De Hemmen. It leit dêrmei net fier fan de diken N7 en A7.
De bedoeling is dat dizze lokaasje oan de ein fan takom jier klear wêze moat. Dêrmei komt it museum yn jier dat it 40 jier bestiet yn syn fiifde lokaasje. It wie earder fêstige oan de Gedempte Neltjeshaven, het Kleinzand, de Kerkgracht en sit no oan de Dr. Boumaweg.
In ympresje fan it nije gebou
In ympresje fan it nije gebou © Modelspoor Museum
Foar direkteur Jan Willem van Beek giet in grutte winsk yn ferfolling. "In dit nieuwe pand hebben we meer dan genoeg ruimte om mensen de wereld van de modeltreinen te laten ontdekken, beleven en zelf veel dingen te laten doen."
Fierder is der mear romte foar wikseltentoanstellingen en aktiviteiten foar bern. Yn de maitiid fan 2025 moat dan in feestlike iepening folgje.
It stasjon fan Snits yn it lyts, troch de ruten fan it museum
It stasjon fan Snits yn it lyts, troch de ruten fan it museum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It museum hat yn febrewaris fan dit jier in oprop dien om in nije namme foar it Nationaal Modelspoor Museum te betinken. Want by in nije lokaasje eart ek in nije, oansprekkende namme, sa is it museum fan betinken. De útkomst fan dizze oprop is noch net bekendmakke.