Piet Adema oer mislearjen lânbouakkoart: "Boeren yn suden gizelje de hiele sektor"

It CV fan Piet Adema
It cv fan Piet Adema © Omrop Fryslân
Demisjonêr minister Piet Adema wiist de boeren yn it suden oan as skuldige foar it mislearjen fan it lânbouakkoart. Dat it kabinet net folle letter foel, wie foar it akkoart de deastek.
Adema hat goed in jier minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit west. In jier wêryn't er syn opdracht om mei alle belutsen partijen ta in lânbouakkoart te kommen net folbringe koe. "Dat dat mislearre is, fyn ik noch hieltyd spitich. Dêr bin ik teloarsteld oer."
It lânbouakkoart moast perspektyf jaan oan boeren, mei alle opjeften dy't der foar de agraryske sektor lizze, seit Adema. "Wy wienen der sa tichtby. De jonge boeren, om harren takomst giet it, dy bleaunen oan tafel. Der wienen wat punten, mar dy hienen wol tekene."
Fierder sieten natuerorganisaasjes, provinsjes en supermerken oan tafel, fertelt er. "Al dy partijen woenen tekenje." Uteinlik is lânbou-organisaasje LTO opstapt.
Adema: Agraryske sektor wurdt gizele troch boeren yn it suden
Foar it lânbouakkoart, sa't dat der lei, wie ek jild frijmakke. Boppedat wie it akkoart in ôfspraak oant en mei 2040, fertelt de demisjonêr minister. "It belied wikselet yn Den Haach, dêrom wie it tige wichtich dat boeren foarútsjen koenen. It lânbouakkoart hie slagje moatten. Ik tink dat boeren gek binne dat se dat net pakt ha. Der lei 13,5 miljard klear foar it akkoart."
De skuld foar it op 'e non rinnen fan it akkoart, leit neffens Adema by ien groep agrariërs. "De súdlike boeren gizelje de hiele sektor. Dy woenen net mei. De súdlike bestjoerders fan LTO binne opstapt."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Piet Adema.
Boeren yn Fryslân hawwe it neffens him "reedlik goed op oarder". Dat fynt er ek fan boeren yn Grinslân, Drinte, Noard-Hollân en Súd-Hollan. "De boeren hjir ha oer it algemien sa'n twa kij de hektare. Dat neame wy ekstinsyf, sa sjogge wy it graach yn Nederlân. It probleem is it suden."
Yn Brabân binne neffens Adema boeren dy't seis of sân kij de hektare ha. Somtiden mei útsjitters nei tsien kij de hektare. "Dat binne tige yntinsive agraryske bedriuwen. Dêr moat echt wat gebeure. It wetter is dêr bygelyks ek botter fersmoarge. Mar dat wie net rûn te krijen."
Klappen lânbouakkoart wie grutte teloarstelling foar Adema
It hat Adema wat dien dat it lânbouakkoart klapte. Hy wie en is der aardich lilk oer. "Wy ha de kâns net krigen om de fragen dy't LTO hie te beäntwurdzjen. Dy kâns ha wy fan it bestjoer fan LTO net krigen. It frustrearret my hevich, ik ha der nachten wekker fan lein."
Dochs hat er gjin sekonde tocht oan ophâlden. Foar al dy oare partijen dêr't er mei om 'e tafel sitten hie, woe er troch.

Fal fan Rutte IV

"Wêr't de echte pine sit, is it fallen fan it kabinet. It kabinet hat sein: bou troch op it lânbouakkoart, meitsje it lânbouakkoart ôf. It jild bliuwt beskikber."
As it kabinet net fallen wie, hie Adema yn septimber of oktober mei it lânbouakkoart komme wollen, as kabinetsplan. "Dan hienen we no in lânbouplan hân."
No't it kabinet demisjonêr is, sjocht er dat net mear gebeuren. "As demisjonêr minister kinst net samar komme mei in plan, as ik it jild der net onder krije kin." Wol seit er yn petear te bliuwen mei de sektor. "Wy prate yntusken wer mei de partijen oan de lânboutafel."
Adema rekkenet him de ferkiezingsútslach persoanlik oan
Yntusken binne de kaarten op 'en nij skodde. By de ferkiezingen op 22 novimber waard de PVV mei ôfstân de grutste, wylst koälysjepartijen dúdlik ferlearen. Dat jildt ek foar Adema syn ChristenUnie.
"Wy ha ek sitten ferlern. As kabinetsleden en sittende polityk moatte wy ús dat oanrekkenje. Dy útslach giet ek om my, dat lûk ik mysels ek oan."
It ûntbruts it kabinet benammen oan slachfeardigens, is syn konklúzje. "Wy hawwe net yn steat west om problemen op te lossen. Wilders hat dêr yn de kampanje echt in punt fan makke. As ik sjoch nei de taslaggeâlders en hoelang't it yn Grinslân duorre hat; wy hawwe gewoan net levere."

Nij kabinet

In nij kabinet sil besykje moatte om dochs ta in lânbouakkoart te kommen. Neffens Adema sil dat in kabinet wurde fan PVV, VVD, NSC en BBB. "It binne myn partijen net, mar der moat rjocht dien wurde oan de ferkiezingsútslach. Dy fjouwer partijen moatte it gewoan dwaan."
De Peiner bliuwt foarearst noch op syn plak. Oant der in nij kabinet foarme is. "Ik ha in weddenskip mei ien. Yn maart of april tink ik dat myn perioade ôfrint."
Piet Adema Cartoon polytburo
De cartoon fan Gerco van Beek oer Piet Adema © Omrop Fryslân