In feest fan waarmte en ljocht mei it NNO Krystkonsert

Fier de feestdagen mei de barokedysje fan it krystkonsert fan it Noord Nederlandsa Orkest. Der stiet in sfearfol feest fan waarmte en ljocht op it programma.
Dizze krystdagen spilet it orkest de moaiste barokklassikers, ûnder lieding fan spesjalist Jos van Veldhoven en mei de sopraan Zoë Brookshaw.
Krystkonsert: de barokedysje
Krystkonsert: de barokedysje © NNO
It ferskaat oan klanken fan ûnder oare Correlli's Concerto Grosso, Adagio út Haudns Symfonie en Music for the Royal Firewerok soarget foar in noflik, waarm, fol en enerzjyk konsert. In jûn genietsjen foar de hiele famylje.
It NNO Krystkonsert is earste krystdei om 13.00, 16.00, 18.00 en 22.00 oere op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân. Sjoch hjir foar ús feestdageprogrammearring.