Liveblog | 22 desimber 2023

112-nijs 22 desimber: Twa auto's yn de sleat by Marrum | Fermiste jonge (14) weromfûn

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 22 desimber 2023, 16:45
16:45

Twa auto's yn de sleat nei botsing by Marrum

Twa auto's yn de sleat by Marrum
Twa auto's yn de sleat by Marrum © AS Media
By in botsing op de Nieuweweg yn Marrum binne twa auto's yn in sleat bedarre. Neffens in korrespondint binne twa minsken oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.
16:14

Hûs ticht fanwege tige minne libbensomstannichheden

De gemeente Ljouwert hat by in kontrôle yn in hûs oan de Soendastraat yn de stêd sokke minne wen- en libbensomstannichheden oantroffen, dat it kolleezje besletten hat om de wenning op basis fan de Woningwet te sluten.
It gebou wie binnen sa min ûnderholden dat it gefaar foar de bewenners opsmiet. Boppedat wie der in protte ûngedierte, lykas mûzen en fliejen. Ek waarden der gebrûksmiddels foar drugs fûn.
Foar de bewenners wurdt ferfangende wenromte socht. Hjirfoar is de pâneigener ferantwurdlik.
11:49

Fermiste jonge weromfûn

plysje stock
plysje stock © Omrop Fryslân
In 14-jierrige jonge út Drachten dy't sûnt 8 oktober fermist wie is yn goede sûnens weromfûn yn België. Dat meldt de plysje. Der wurdt in soarchtrajekt foar de jonge opstart. Wêr't de jonge yn de tuskentiid west hat, is net bekendmakke.
De plysje hat earder bylden toand fan de fermiste jonge. Eltsenien dy't de bylden dield hat, wurdt frege om se te ferwiderjen.
11:39

Yllegaal fjoerwurk fûn yn Surhústerfean

De gemeente Achtkarspelen hat in lêst ûnder twangsomme oplein oan in persoan út Surhústerfean. Yn in wenning oan de Torenvalk yn dat doarp waard nammentlik in grutte partij yllegaal fjoerwurk fûn. Neffens de gemeente is dit in oertrêding fan it boubeslút, de Wenningwet en it fjoerwurkbeslút.
By in folgjende oertrêding moat de belutsene in twangsom betelje.
09:55

Brânwacht fan Harns yn Ljouwert ynset foar stoarmskea

De brânwacht fan Harns is tongersdei nei Ljouwert ta riden om stoarmskea oan de Wortelhaven ôf te hanneljen, op de hoeke mei de Foarstreek. De brânwacht fan Ljouwert wie al op 'en paad foar in oar ynsidint. Wat der krekt oan de hân wie, hat de Harnzer brânwacht net bekend makke. Wol is dúdlik dat der in heechwurker oan te pas komme moast.
09:31

Hûs op De Jouwer fol reek troch fergetten panne mei iten

Der wie net folle oer fan it iten yn 'e panne
Der wie net folle oer fan it iten yn 'e panne © brandweerjoure
De brânwacht fan De Jouwer is tongersdei útriden foar in wenningbrân oan de Iepensteinlaan. De alarmsintrale wist te fertellen dat omstanners in hûs fol reek seagen. Ienkear op it plak sels die bliken dat der in panne op it fjoer stie.
De bewenners hiene dy fergetten. Nei in flugge kontrôle en it fentilearjen fan de wenromte, koe it hûs wer oerdroegen wurde oan de bewenners.