Wetterskip Fryslân hat in nacht trochhelle, mar de dykbewaking is wer ôfskaald

Bestjoerder Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân
Bestjoerder Frank Jorna fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
De dykbewaking dy't Wetterskip Fryslân ynstelde fanwegen stoarm Pia, is om 05.30 oere hinne wer ôfskaald. "It is no wer in normale gong fan saken", seit bestjoerder Frank Jorna, dy't in nachtsje trochhelle.
Troch de kombinaasje fan stoarmwyn en it hege seenivo wie tongersdei de ferwachting dat de wetterstân boppe de 3 meter boppe NAP útkomme soe. Dat is foar Wetterskip Fryslân de limyt om dykbewaking yn te stellen.
Dykwachten ynspektearje dêrby de kearingen op skea, dy't bygelyks troch wetterslach ûntstean kin. "Der sit in krisisteam op de eilannen en in krisisteam yn Ljouwert. Sy hâlde de boel yn de gaten", leit Jorna út. "Op de fêste wâl ride se mei auto's by de floedstripe del."

Soad rommel by de dyk

Nachts wiene de teams op 'en paad by de Fryske seekust del. "Wy hawwe sa'n fiif ploegen mei in auto by de dyk del hân. Sy kontrolearje oft de dyk bygelyks skansearre is trochdat der in kontener tsjin de dyk oan kaam is of troch oare rommel. Wy soargje derfoar dat soks dan fuorthelle wurdt."
Wat is dyk en wat is wetter: sis it mar
Wat is dyk en wat is wetter: sis it mar © CAMJO media
Om 05.30 oere hinne wie dy dykbewaking net mear nedich. "Ik haw wol begrepen dat der in soad rommel op de dyk leit", seit Jorna. "Wy sille by deiljocht ris sjen wat wy dêr oan dwaan kinne."

Pyk wie heger ferwachte

Uteinlik wiene de foarsizzingen wat slimmer as de werklikheid. "Der wie heger tij ferwachte om 04.00 oere hinne. Uteinlik hawwe wy de pyk dy't foarsein wie, net helle. Foar de rêst is it wol gien sa't wy tochten dat it gean soe."
De wyn stode it wetter de wâl op
De wyn stode it wetter de wâl op © CAMJO media
Jorna hat sels ek op 'en paad west. It wie syn earste echte stoarm yn funksje, mei wetterfeiligens yn syn portefúlje. "It wie tsjuster en kâld, mar it wie wol moai om te sjen. Yn Harns wie by de haven goed te sjen hoe heech it wetter stie."

Harnzers op 'e strún

Hy wie bepaald net de iennige. "Der wiene in soad minsken op 'en paad. Dat fernuveret je ek as je nachts yn Harns binne: in soad Harnzers kamen efkes sjen by it hege wetter", fertelt hy.
De wetterstân by Harns
De wetterstân by Harns © CAMJO media
Om in oere as 03.00 nacht stie it wetter yn Harns sa'n 3,20 meter boppe NAP. "Dan strûpt de kaai krekt ûnder. De havens wiene fierder ticht mei de slûzen. Alles wie feilich en goed op oarder."
Der hawwe nachts 40 minsken tafersjoch holden op de Waadseediken, hat Wetterskip Fryslân noch yn in update bekendmakke. Dat barde op it fêste lân, It Amelân en Skiermûntseach. Op Skylge wie it net nedich en op Flylân docht Rykswettersteat de kustbewaking.
Op it fêste lân en op Skiermûntseach waarden ynspeksjes dien troch twatallen yn de auto. Op It Amelân giene frijwilligers yn trijetallen op 'en paad: ien yn de auto en twa kuierjend, ferbûn mei in sekeringsline.
De stoarm en it hege wetter hawwe gjin krityske situaasjes of grutte skea ta gefolch hân. Op ien plak spielde in keunststof boei oan, mar dat smiet gjin gefaar op. Wol leit der op in soad plakken materiaal en ôffal. Freedtemoarn wurdt sjoen wêr't der krekt opromme wurde moat.