In rûzige nacht mei in soad wetter: de opmerklikste berjochten oer stoarm Pia

De plysje naam de ûnderstrûpte gebieten by Harns mei yn de surveillânse
De plysje naam de ûnderstrûpte gebieten by Harns mei yn de surveillânse © CAMJO media
De Waadeilannen en de Fryske kustgebieten hawwe in rûzige nacht efter de rêch. De hurde wyn en it hege wetter lutsen gâns bekyk. Op sosjale media wie moai te folgjen wat stoarm Pia foar gefolgen hie.
Wetterskip Fryslân hat in drokke nacht hân, lit bestjoerder Frank Jorna witte. Om in oere as 03.00 hinne wie de heechste wetterstân by Harns sa'n 3,24 boppe NAP.
"Zeesluizen en coupures dicht", liet hy witte. Fierder waard der ek dykbewaking by de Waadkust en it fêstelân ynsteld.
Op Skylge wiene de gefolgen fan de stoarm moarns ier en betiid noch goed te sjen.
Njonken fearboat Friesland fan Rederij Doeksen wie it parkearterrein feroare yn ien grut wetterballet. Ek de dyk wie net mear fan it wetter dêr't de skippen yn lizze te ûnderskieden.
In boskwachter op Flylân koe tsjin in oere as fjouwer nachts melde dat it wetter by de Havenweg, krekt eastlik fan it doarp, noch 2,77 meter boppe NAP stie. Likegoed it kuierpaad, de tuskenlizze gersstripe as de Havenweg sels wiene der folslein ûnderstrûpt.
Op itselde eilân waard om 23.00 oere de kûpuere sletten. Dat is in 'gat' yn de dyk dy't bewust oanlein is en ek tichtset wurde kin. In grut blok waard omheechtakele om de dykûnderbrekking te tichtsjen.
Dat woene in soad minsken wolris meimeitsje: "Alle kroegen leeggelopen."
Ald-NOS-waarman Gerrit Hiemstra fan Balk griep de situaasje mei de hege wetterstannen oan om syn folgers nochris op it hert te lizzen hoe kwetsber Nederlân eins is foar it tanimmen fan de seespegel. De foarsjenningen om it wetter yn 'e stringen te hâlden, kostje ek in soad jildt, seit hy.
De plysje fan Ljouwert gie om in oere as 22.00 hinne wer op 'en paad foar in nij wurkrûntsje troch de stêd. Mar ek plysjes rûnen tsjin de hurde wyn op: "Op de fiets of toch maar lopend..."
Uteinlik foel de kar op kuierje. "Bleek een hele goede keuze te zijn, gelukkig ging mijn haar niet door de war."
Korrespondinte Jeanet de Jong seach ek op It Amelân de nedige maatregels. Der leine ferskate sânsekken by de pier fan Wagenborg en de hurde wyn liet it seewetter flink oer de wâl hinne stowe.
Op Flylân wie yn 'e middei, tusken al it stoarmgeweld yn, ek noch aksje nedich fan de KNRM. Op it Noardseestrân wie in brúnfisk oanspield.
Der is noch besocht om de brúnfisk yn de Waadsee frij te litten, mar dat mocht spitigernôch net mear helpe.
Stoarm is net allinne mar min, sa murk in boskwachter op Flylân op. De wyn kreëarre perfekte omstannichheden foar stosân. Dêrfoar binne earder kerven makke, sa't der farsk en kalkhâldend sân op it eilân komt. Dat is wer goed foar de dúnplanten.
In hiel ein fan de eilannen ôf wie dochs ek noch wol wat stoarmskea. By it bûten Fogelsangh State yn Feankleaster waard in âld linebeam slachtoffer fan de wyn,
Op de fêste wâl hie Rykswettersteat foaral wurk fan de frachtwein dy't op de A32 omdondere wie troch de wyn. It ûngelok wie yn it hiele lân te hearren mei de filemeldingen.