SC Cambuur lottet stuntploech Hercules yn achtste finale fan KNVB Beker

KNVB Beker
De KNVB Beker © Orange Pictures
SC Cambuur nimt it yn de achtste finales fan de KNVB Beker yn in útwedstriid op tsjin treddedivyzjonist USV Hercules. Dat hat de lotting yn Eindhoven tongersdeitejûn útwiisd.
Cambuur behelle tiisdei de achtste finale troch in 3-0 oerwinning tsjin FC Dordrecht. Dat Hercules noch yn it toernoai sit, meie je gerêst in wûnder neame. De ploech út Utrecht wie tongersdeitejûn yn de Galgenwaard mei 3-2 te sterk foar Ajax.
sc Hearrenfean siet net yn de koker nei't se op besite by Vitesse útskeakele waarden.
De wedstriid tusken Hercules en Cambuur wurdt ôfwurke op 16, 17 of 18 jannewaris.