Ferlies is wer in klap foar sc Hearrenfean: "Nu is het analyseren en uithuilen"

It ferlies komt by Van Wonderen oan as in klap
It ferlies komt by Van Wonderen oan as in klap © Orange Pictures
sc Hearrenfean sjocht werom op in sleauwe en sloardige wedstriid tsjin Vitesse. "Nu is het analyseren en uithuilen. Daar hebben we een aantal dagen voor. Het voelt niet prettig", seit trainer Kees van Wonderen. "Maar we gaan verder."
Hearrenfean ferlear mei 1-0 en is útskeakele yn de twadde ronde fan de KNVB Beker. "Deze komt hard aan", seit Van Wonderen. "Dit is niet hoe je wilt eindigen. Ik denk dat we een opwaartse lijn hadden, alleen in resultaat krijg je een deksel op je neus."
Nettsjinsteande it sleauwe spyljen fynt de trainer wol dat der sprake wie fan in echt fuotbalgefjocht. "We beginnen goed. Maar dan komt de bal op de paal en daarna is ons spel oké, maar we zijn heel slordig in de laatste bal en de eindfase. We geven de bal te makkelijk weg en daardoor brengen we hen daardoor in de schakeling."
Trainer Kees van Wonderen
Dêr ferliest Hearrenfean de wedstriid op, tinkt er. Vitesse wie noch net sa maklik oan de kant te setten, is Van Wonderen fan betinken.
"Natuurlijk staan ze niet hoog in de competitie, maar ik heb wel een strijdbaar en zeer acceptabel Vitesse gezien. Dat waren wij ook in houding, bereidheid, hoe we op het veld staan en wat we erin stoppen. Dan kun je hier tegenaan lopen. Het is niet zomaar een 'walk in the park' en de volgende ronde bereiken."
Oanfaller Pelle van Amersfoort
Oanfaller Pelle van Amersfoort sjocht it as in 'typyske 0-0-wedstriid'. "We begonnen goed en dreigend. Maar er waren niet echt grote kansen. Hij valt nog op de paal, maar voor de rest van beide kanten een slordige wedstrijd."
Hearrenfean hie wol balbesit, sjocht hy. "Maar uiteindelijk moet je kansen creëren. Dat gebeurt niet. Het maakt niet uit hoe je wint, maar je moet door. Dat gebeurt niet en dat is balen. Wij zijn veel te slordig: dan komt de counter en dan scoren zij. Dan weetje dat het best kansloos wordt."
Ferdigener Pawel Bochniewicz
Pawel Bochniewicz fynt ek dat Hearrenfean eins better spile. Mar Vitesse wachte de flaters fan Hearrenfean ôf en griep syn kâns. Hearrenfean hie minstens ien of twa kear skoare moatten, fynt de ferdigener.
Bochniewicz is der suver wat lilk om, mar fynt ek dat syn ploech troch moat. Dat heart by it fuotbaljen, seit er.