'WK-flok' Danny Noppert net trochbrutsen; Williams mei 3-0 te sterk yn twadde ronde

Danny Noppert
Danny Noppert © Orange Pictures
Darter Danny Noppert is nei syn earste wedstriid op it WK Darts al útskeakele. De Jouster ferlear yn de twadde ronde fan Scott Williams, de nûmer 52 fan de wrâld.
The Freeze, dy't sels de nûmer sân fan de wrâld is, begûn de wedstriid noch wol flitsend mei de maksimale finish fan 170. De earste set rûn úteinlik út op in beslissende leg en dy gie nei de Ingelskman, nei't Noppert trije darts foar de set miste.
Ek yn de twadde set krige Noppert kânsen om de set te beslissen, mar opnij wie it Williams dy't oan de langste ein luts. Dêrmei like it ferset brutsen, want de tredde set - en dêrmei de wedstriid - gie mei 3-1 relatyf ienfâldich nei Williams.
Yn oanrin nei it toernoai sei Noppert al dat 'it WK oant no ta noch net echt syn ding is'. Dy flok is tongersdeitejûn dus net trochbrutsen.
Williams nimt it yn de tredde ronde op tsjin Martin Schindlel út Dútslân of de Nederlanner Jermaine Wattimena.