Fier krige hûnderten jurken nei oprop foar gala: "Echt overweldigend"

Sarah Kröger mei ien fan de stikken klean
Sarah Kröger mei ien fan de stikken klean © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In oprop fan Fier foar feestklean die fertuten: de organisaasje krige hûnderten galajurken en sjike stikken klean binnen. In hûnderttal kliïnten fan Fier mocht yn dy klean nei in krystmusicalgala.
Fier is it lanlike ekspertizesintrum dat help ferlient by geweld yn ôfhinklikensrelaasjes en dat fêstige is yn Ljouwert. De hûndert slachtoffers fan geweld dy't by Fier in feilich ûnderkommen hawwe, meie ek wolris in moai útstapke hawwe, sa wie de gedachte. Dêrom waard dit inisjatyf betocht.
It gie om in besletten foarpremjêre fan it krystmusicalgala, dat woansdei yn de De Lawei yn Drachten opfierd waard. De lokaasje en tiid waarden geheim holden.

"Echt overweldigend"

Minsken reagearren boppe ferwachting op de oprop, seit Sarah Kröger fan Fier by it kleanpassen foar it gala.
"We hebben tassen vol met galajurken, glitterjurkjes, blazers en unicorn-jurkjes voor de allerkleinsten, sieraden, schoenen, make-up. Van alles hebben we binnen gekregen. Het is echt overweldigend."
Feestklean passe foar it gala
Feestklean passe foar it gala © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fier die de oprop op sosjale media en by Omrop Fryslân. "We dachten: dat moeten we wat groter aanpakken en de cliënten echt even helemaal in de watten leggen", leit Kröger út.
"Dus hebben we een oproep gedaan voor feestkleding en daar is massaal gehoor aan gegeven."
De stikken klean waarden sekuer útsocht
De stikken klean waarden sekuer útsocht © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Yn sjike klean giene de kliïnten nei de besletten foarpremjêre fan de krystmusical 'Het Wonder van het Elfenbankje'. De oerbleaune klean wurde wer foar lettere festiviteiten brûkt.