Gjin noflike krystdagen foar sc Hearrenfean nei útskeakeling yn bekertoernoai

Thom Haye
Thom Haye yn it duel tsjin Vitesse © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean is útskeakele yn de twadde ronde fan de KNVB Beker. Op besite by Vitesse waard der mei 1-0 ferlern.
Trainer Kees van Wonderen begûn it duel sûnder ferrassingen yn syn opstelling. Doelman Mickey van der Hart krijt yn it bekertoernoai wol de foarkar boppe Andries Noppert.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Olsson; Nunnely, Brouwers, Sahraoui; Van Amersfoort.
Al nei fjouwer minuten kamen de Friezen hast op foarsprong. Pelle van Amersfoort kopte de bal nei in foarset fan Osame Sahraoui tsjin de peal. Vitesse krige healwei de earste helte harren grutste kâns op de iepeningstreffer doe't Marco van Ginkel fan hiel tichteby koppe koe.
De middenfjilder kopte de bal lykwols sa fûl tsjin de grûn dat de bal oer de goal gie. Dêrmei bleau de earste helte úteinlik doelpuntleas.

Boutrah makket it ferskil

Yn de begjinfaze fan de twadde helte wie it benammen Vitesse dat oantrune op de foarsprong. Sa wie Nicolas Isimat-Mirin tichteby doe't in frije trap fan Enzo Cornelisse foar syn fuotten bedarre. Hy krige de bal lykwols net foarby Van der Hart.
Lange tiid like it op in ferlinging út te draaien. Mar yn de 86e minút makken de Arnhemmers dochs it ferskil. It wie ynfaller Amine Boutrah dy't mei in fraaie treffer it duel beslikke yn it foardiel fan Vitesse.
Million Manhoef hie der yn de lêste minút fan de reguliere spyltiid ek noch 2-0 fan meitsje kinnen. Hy kaam each-yn-each mei Van der Hart, mar de doelman rêde knap. It bleau dus by 1-0.

Cambuur wol yn de koker

De lotting foar de tredde ronde fan it bekertoernoai is letter op tongersdeitejûn. Vitesse kin dêryn ûnder mear SC Cambuur lotsje. De wedstriden wurde ôfwurke op 16, 17 en 18 jannewaris.