De Graaf bliid mei posityf advys foar liening oan Cambuur: "We moeten nu B zeggen"

Algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur
Algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur © ANP
Algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur is bliid dat it kolleezje fan Ljouwert in posityf advys jout oer in liening oan de klup.
Tongersdei makke it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bekend dat se posityf advisearje oan de gemeenteried oer de liening fan seis miljoen euro. Cambuur soe dat sels betelje, mar sûnt de earste peal de grûn yn gien is, binne de boukosten bot tanaam.
De Graaf begrypt dat it hiel ferfelend is, al spilet it al langer. It bedrach is lykwols krúsjaal. "We hebben een prachtig stadion in aanbouw, dat project willen we graag goed afronden. Dit bedrag is daar belangrijk voor."
"Begin 2022 zag de wereld er anders uit. Het is niet normaal wat er aan de hand is in de wereld", doelt De Graaf op de priisûntwikkelings yn de bou. "Op sommige gebieden is de verdubbelaar ingezet qua prijs, zoals bij het installatiewerk."

Twa betingsten

By it positive advys oer de liening hat it kolleezje fan Ljouwert twa hurde betingsten steld: it moat wis wêze dat it stadion ôfboud wurdt en dat Cambuur in slutende mearjierrebegrutting hat. "Dat vind ik een volstrekt logische voorwaarde", jout De Graaf oan.
In ympresje fan it nije Cambuurstadion
In ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen
"Het stadion wordt ook gebouwd om Cambuur een gezonde toekomst te geven, mét een verdienmodel. Daar hoort een sluitende begroting bij. Dat moeten we in het nieuwe stadion ook doen, maar dan op een hoger niveau. We kunnen er meer verdienen, maar we zullen ook strakker op de kosten moeten letten."

Noch 8 miljoen ophelje

Wis is dat de klup sels noch hast acht miljoen euro ophelje moat om te soargjen dat it stadion ôfboud wurdt. Fan dat bedrach is al sa'n 1,2-2 miljoen binnen, skat De Graaf yn.
"De komende weken zullen we daar verder mee moeten. Het kan met leningen bij sponsoren of bij goede vrienden van de club. Zo is er aan aantal manieren waarop we denken dit te kunnen doen. We hebben daar vertrouwen in."

Fan A nei B

De Graaf begrypt dat de gemeente Ljouwert him wat foar it blok setten field, trochdat de klup no dochs wer in berop op gemeentejild dwaan moat. "Ik snap dat men dat gevoel heeft", seit de Cambuurdirekteur. "Wij hebben met de gemeente, Van Wijnen en Cambuur met z'n allen A gezegd, dan moet je nu met z'n allen B zeggen."
"Dit is een ontwikkeling voor de hele stad. Er komen veel meer ontwikkelingen mee in beweging, zoals Oud-Oost (plak fan it hjoeddeiske stadion, red.) en het gebied rond de Snekertrekweg. Het is een enorme aanjager voor alle ontwikkelingen in de stad."
De gemeenteried fan Ljouwert is no oan set. Sy moatte úteinlik in definityf beslút nimme oer de liening fan seis miljoen euro. "Zij mogen ook alle vragen stellen, laat ik daar duidelijk over zijn", beslút De Graaf.