Dykbewaking, kantele frachtwein en fearboat losslein: in oersjoch fan stoarm Pia

In frou by de wetterkant yn Holwert
In frou by de wetterkant yn Holwert © ANP
Stoarm Pia wie de earste winterstoarm yn Fryslân yn hast twa jier. Yn it foarige winterseizoen wie der hielendal gjin stoarm.
Der wie hjoed offisjeel sprake fan in stoarm doe't op Flylân tusken 10.00 en 11.00 oere in gemiddelde wynkrêft 9 metten waard. Yn hiel Nederlân jildt al de hiele dei koade giel.
De ympakt fan de stoarm falt oant no ta ta. De grutste gefolgen fernimme automobilisten op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Dêr waaide fan 'e middei in frachtwein om, wêrtroch't de dyk oeren ticht wie.
Yn de haven fan Skylge sloech in fearboat fan rederij Doeksen los. De foarkant fan de MS Willem Barentsz kaam frij fan de kant. It skip lei sûnder bemanning op it nachtlisplak. Troch de hurde wyn rekken de touwen los. Rederij Noordgat hat it skip wer fêstlein.
In oersjoch fan stoarm Pia yn Fryslân
Waarfrou Tjitske Wiebenga fan Omrop Fryslân foarsei it al: oan de ein fan de middei wie de measte wyn te ferwachtsjen. Ut foarsoarch hienen rederijen Doeksen en Wagenborg al ferskate feartsjinsten skrast.
De gemeente Skylge warskôge ek al om de auto net op it havenplein en oan de Willem Barentszkade te parkearjen, om skea troch wyn en wetter foar te kommen. Op Flylân waard ôfret om by de terminal te parkearjen.

Maatregels yn havens

Rykswettersteat nimt ek maatregels tsjin it hege wetter: om 23.00 oere giet de kûpuere (ûnderbrekking fan de dyk) op Flylân ticht. De kûpuere oan it begjin fan de Dorpsstraat wurdt oan it begjin fan de folgjende moarn wer iepene. Der is kâns dat ek de kûpuere by de oanrinhaven sletten wurdt, mar dat hinget fan de krekte wetterstân ôf.
Dêrneist wurdt de feardaam fan Holwert sletten foar alle ferkear, om deselde tiid. By de buorlju yn Grinslân wurde de stoarmfloeddoarren fan de seeslûs Farmsum tichtset. Alle maatregels wurde troch Rykswettersteat Noard-Nederlân naam yn ferbân mei it hege wetter.

Dykbewaking

Wetterskip Fryslân stelt foar de kommende nacht dykbewaking yn foar de Waadkust fan it Fryske fêstelân. Rykswettersteat ferwachtet dat de wetterstân de kommende nacht heger útkomt as 3 meter boppe NAP. Dat is foar it Wetterskip de limyt om dykbewaking yn te stellen.
Dêrnjonken wurde de provinsjale brêgen yn Fryslân mar beheind betsjinne. De betsjinning giet noch wol troch, mar allinnich foar safier't de wynkrêft dat talit.