Fryske hoareka yn spagaat troch hege kosten: "Sommigen gaan het niet redden"

It taapjen fan in spesjaalbierke
It taapjen fan in spesjaalbierke © Omrop Fryslân
Om de holle boppe wetter te hâlden, moatte hoareka-ûndernimmers de prizen foar iten en drinken ferheegje. Mar lang net alle ûndernimmers kinne of wolle dat trochfiere, neffens de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. Se binne benaud dat klanten dan net mear komme.
De enerzjyrekken, hegere ynkeapprizen en mear personielskosten meitsje it foar hoareka-bedriuwen dreech om ûnderoan de streep noch genôch oer te hâlden. It is in spagaat dêr't de hoareka yn fêstsit.
"Het is een gevoel bij jezelf: je schuldig voelen als je nog meer gaat berekenen voor dat pilsje, terwijl je weet dat je het er wel voor moet vragen. Ik heb bijvoorbeeld een pint die nu zes euro kost", seit hoareka-ûndernimmer Baukje de Vries. Se hat in Ierske kroech yn it sintrum fan Ljouwert.
Hoareka yn Fryslân sit yn in spagaat
Dochs moatte hoarekabedriuwen meigean yn de hege prizen om sûn te bliuwen, fynt Kor van der Meulen. Hy is foarsitter fan Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland.
"Uiteindelijk moet je simpelweg net als de supermarkt zeggen: dit is mijn inkoop en dus is dit mijn verkoopprijs. Ik sprak met een ondernemer en die zei: voor minder doe ik het niet. Hij was heel vastberaden daarin, maar dat is denk ik maar tien procent."

"Niet voor de liefdadigheid"

"Niemand van ons werkt voor de liefdadigheid: we willen een gezond bedrijf. Maar dat betekent wel dat we onder aan de streep wat moeten overhouden. Dat hoeft echt niet het maximum te zijn, want rijk worden doe je in de horeca niet", seit De Vries.
De ûndernimmers dy't it net oandoare, besykje op oare wizen te beknibbeljen op jild. Neffens Van der Meulen sille se dat net folhâlde. "In plaats van linnen servetten papieren servetten, in plaats van verse bloemen kunstbloemen en goedkopere kleding voor personeel. Dat is misschien nog wel even vol te houden, maar uiteindelijk stort dat als een kaartenhuis in elkaar."
Kor van der Meulen en Baukje de Vries
Kor van der Meulen en Baukje de Vries © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De feestdagen binne in moaie tiid foar hoareka-ûndernimmers, al kiest in tal restaurants der bewust foar om ticht te gean. Dat hat der benammen mei te krijen dat sy harren personiel wat rêst jaan wolle, seit Van der Meulen.
Ek de hege kosten spylje dêryn in rol. "Het is een rekensom. En als je ziet dat er met kerst niet genoeg binnenkomt, dan kun je beter tijd aan je gezin besteden."

Ticht mei de krystdagen

Baukje de Vries kiest der al 25 jier foar om ticht te wêzen op earste krystdei, mar dat docht se foar it personiel. De moannen dêrnei binne foar har it dreechst, om't it rêstich is yn jannewaris en febrewaris.
Se tinkt dat se fan it nije jier ôf har prizen wer bystelle moat. "Want als ik kijk wat het personeel gaat kosten en hoe de energielasten straks weer omhooggaan, dan zul je wel moeten. Zelfs de frisdranken worden 25 procent duurder qua inkoop. Dat moet ik doorberekenen."
Hoareka yn Fryslân sit yn in spagaat
Hoareka yn Fryslân sit yn in spagaat © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
In ljochtpuntsje yn de sektor is dat it personiel mear fertsjinje sil. Yn it nije jier komt der foar meiwurkers yn de hoareka sa'n acht oant tolve persint mear by en it minimumlean giet omheech.
It lit sjen dat de brâns oantrekliker wurdt en dat mear minsken yn de hoareka wurkje wolle, seit Van der Meulen. Tagelyk wurket dit de spagaat wer mear yn de hân.

"Vicieuze cirkel"

"Als alles weer duurder wordt, dan moet het personeel weer meer verdienen. Je creëert een kring die niet ophoudt. Deze vicieuze cirkel moet een keer stoppen", fynt De Vries. "Het personeel is jouw goud. Maar het kan niet dat het meer wordt voor hen en ten koste gaat van het bedrijf."
Van der Meulen sjocht op dit stuit net mear fallisseminten, mar de gefolgen fan dizze djoere tiid komme pas yn maart foar it ljocht, tinkt hy. Al sille ûndernimmers der net gau oer prate as harren bedriuw op omfallen stiet.
"Ik kan nu wel mooi weer spelen, maar er zijn er een aantal die het echt niet gaan redden de komende maanden. Dat kan niet anders."