Cambuur libbet ûntspannen ta nei lêste wedstriid fan 2023: "We ha gesellich sitten"

Henk de Jong
Henk de Jong © Dijks Fotografie
SC Cambuur wol mei in goed gefoel de winterstop yn. Dêrfoar is it needsaaklik om de nûmer foarlêst fan de Keuken Kampioen Divisie, FC Den Bosch, freed te ferslaan.
Mar nettsjinsteande de lege posysje fan Den Bosch op de ranglist, maklik wurdt it net, tinkt Cambuurtrainer Henk de Jong. "Wy moatte efkes hiel goed sjen hoe't wy it taktysk dwaan sille. Sy spylje yn in frjemd systeem, dus wy moatte it goed foar elkoar hawwe."

Drokke wike

De wedstriid tsjin Den Bosch wurdt de twadde binnen in wike. Ofrûne tiisdei spile de Ljouwerters in bekerwedstriid yn en tsjin Dordrecht. Dy waard mei 0-3 wûn. Dêrtroch is Cambuur ek nei de winterstop aktyf yn it bekertoernoai.
Tusken de ynspanning troch is it tiid foar ûntspanning. De spilers fan Cambuur brochten de nacht nei de bekerwedstriid troch yn in hotel yn Dordrecht. Dêr hat De Jong syn seleksje romte jûn. "Wy hawwe efkes noflik by elkoar sitten. De jonges hoegden pas healwei ienen nei de keamer. Dat wie gesellich. En sliepe dogge sy dochs kwealik nei in wedstriid."
Henk de Jong wol it fuotbaljier knallend ôfslute mei Cambuur
Hoe gesellich it ek wie, Cambuur hâldt der rekken mei dat der yn de winterstop wol it ien en oar feroarje kin. Milan Smit hat al trettjin goals makke, Michael Breij is hiel goed yn foarm en ek Roberts Uldrikis wurdt hieltyd better. Der kin samar belangstelling komme foar dy spilers, wit ek Henk de Jong.
Noed hat de trainer dêr lykwols net oer. "De scouting hat alles goed yn byld. As der ien fuort giet, witte se wa't se helje kinne. In rjochtsback moat der seker by, want Gabi Caschili is fuortfallen troch in earnstige blessuere. Dêr moat in ferfanger foar komme."
De wedstriid tusken FC Den Bosch en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio by Omrop Fryslân. Fanút Stadion De Vliert docht sportferslachjouwer Geert van Tuinen it kommentaar.
Sneon is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel werom te sjen.