Sekou Sylla sjocht út nei Afrika Cup: "Prachtig om erbij te zijn, bijna niet te bevatten"

Sekou Sylla
Sekou Sylla © Dijks Fotografie
Cambuur moat it de earste trije wedstriden fan 2024 nei alle gedachten stelle sûnder linksback Sekou Sylla. De ferdigener is opnaam yn de foarseleksje fan Guinee foar de Afrika Cup.
It toernoai wurdt fan 13 jannewaris oant en mei 11 febrewaris spile yn Ivoarkust. Foar Sylla en Guinee wachtet in drege opjefte. It lân is yndield by regearjend Afrikaansk kampioen Senegal, Kameroen en Gambia.
Nei de wedstriid tsjin FC Den Bosch giet Sekou Sylla nei de Afrika Cup
Ein desimber reizget Sylla ôf nei Ivoarkust. Dêr wurket er earst in trainingskamp ôf. Op 15 jannewaris spilet Guinee syn earste wedstriid, tsjin Kameroen.

Aventoer

Sylla sjocht dielnimming oan de Afrika Cup as in aventoer. "In de jaren dat ik bij de selectie zit, ben ik al in diverse Afrikaanse landen geweest. Het zijn echte topervaringen."
De ferdigener jout ta dat Guinee yn in drege groep yndield is, mar "De bal is rond, we gaan het zien. Het is in ieder geval prachtig om erbij te zijn. Bijna niet te bevatten."