Ald-Journaal-presintator Bob Meijer (88) stoarn yn wenplak Damwâld

Bob Meijer
Bob Meijer © Famylje Meijer
Ald-nijslêzer Bob Meijer fan de NTS en NOS is stoarn yn syn wenplak Damwâld. Dat hat syn famylje bekendmakke. Meijer is 88 jier wurden.
Bob Meijer waard yn 1935 berne yn Amsterdam. As lyts jonkje yn in Joadske famylje waard er yn de Twadde Wrâldoarloch deportearre nei Westerbork. Letter bedarre er mei syn âlders, broerke en suske yn Bergen-Belsen. De trije bern oerlibben dat, de âlders net.
Yn 1953 begûn Meijer yn de sjoernalistyk te wurkjen as freelancer by de VPRO. Letter wurke er as redakteur by it bioskoopsjoernaal en yn 1962 gong er nei Nij-Guineä, dêr't er wurke as nijslêzer, omropper en ferslachjouwer foar Radio Omroep Nieuw Guinea.
Bob Meijer yn syn tiid as sjoernalist
Bob Meijer yn syn tiid as sjoernalist © Famylje Meijer
Doe't it Nederlânske part fan Nij-Guineä yn 1962 oerdroegen waard oan Yndonezië, kaam Meijer werom nei Nederlân. Fan 1963 oant en mei 1975 wurke er as nijslêzer en redakteur by it NTS Journaal, de foarrinner fan it NOS Journaal. Yn 1969 waarden de NTS en NRU gearfoege ta de NOS.
Meijer wenne sûnt syn ôfskied by it Journaal yn 1975 yn Fryslân. Yn de earste jierren reizge er noch geregeld op en del nei Hilversum om programma's te meitsjen foar de EO en films yn te sprekken.
It lêste iepenbiere optreden fan Meijer wie by de nasjonale deadebetinking op 4 maaie 2018. Mei ien fan syn trije dochters lei er in krâns foar alle Joaden dy't ferfolge binne yn de Twadde Wrâldoarloch en foar alle minsken dy't no noch hieltyd ferfolge wurde.

Blije en Damwâld

Yn Fryslân wenne Meijer earst mei syn frou Hermien op in grutte buorkerij yn Blije. Dêr hienen ûnder oare pensjon, dêr't se tritich jier lang gasten ûntfongen.
Letter ferhûzen se nei Damwâld. Dêr hienen se in wikeltsje mei twaddehânsk guod. De opbringsten dêrfan gongen nei goede doelen yn Moldavië.
It programma Hea! wie ferline jier by Bob en Hermien Meijer op besite:
HEA! Bob en Hermien Meijer