Grien ljocht foar liening fan 6 miljoen euro foar Cambuurstadion

Ympresje fan it nije Cambuurstadion
Ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen Noord en Oost
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert advisearret de gemeenteried om grien ljocht te jaan foar in liening fan 6 miljoen euro oan SC Cambuur foar de oanklaaiïng fan it stadion.
Der binne twa hurde betingsten foar de liening, skriuwt it kolleezje yn in brief oan de ried: it moat wis wêze dat it stadion ôfboud wurdt en dat Cambuur in slutende mearjierrebegrutting hat.
Grien ljocht foar liening fan 6 miljoen euro foar Cambuurstadion
Van Wijnen soe yn earste ynstânsje it stadion spylklear opleverje. Dat hold yn dat Cambuur fan it seizoen 2024/25 ôf wedstriden spylje soe yn it stadion en dat yntusken de kommersjele romten noch ôfboud waarden.
Yn septimber 2023 is in nije situaasje ûntstien. Doe joech Cambuur by it kolleezje oan dat in spylklear stadion gjin opsje mear wie, dêrmei krigen se it fertsjinmodel net rûn. Yn stee fan 6 miljoen moast der doe 21,3 miljoen komme om alles yn ien kear ôf te bouwen. Doe wie der in gat fan 13,75 miljoen. Dêrfoar freget Cambuur dus in liening foar 6 miljoen. De oare 7,75 miljoen moat de klup sels noch op it kleed sjen te krijen.
De gemeenteried moat úteinlik in definityf beslút nimme oer de liening.